Teleks: Stichting Fonds Schrijvers in Nood bestiet meikoarten 50 jier

logo.ensafh

Mooi nieuws: Stichting Fonds Schrijvers in Nood, dat veel bekender is onder de internationale naam ‘Foundation PEN Emergency Fund’ bestaat binnenkort een halve eeuw. Op 13 januari 1971 richtte A. den Doolaard, de auteur van De herberg met het hoefijzer, het fonds op toen hij vicepresident van PEN Nederland was (later werd hij ook vice-president van het overkoepelende PEN International). De bestaansreden van het fonds is een zeer praktische: er ontbrak iets in het concept van PEN, namelijk financiële steun voor schrijvers in noodsituaties. Die hebben niet alleen morele en literaire steun nodig, niet alleen resoluties en begrip, maar ook geld om bijvoorbeeld te vluchten of om hun leven weer op te bouwen na mishandeling of detentie.… Lês fierder

Teleks: Ald-direkteur en oprjochter fan Oerol Joop Mulder (67) ferstoarn

logo.ensafh

Joop Mulder, âld-direkteur fan it Oerolfestival op Skylge, is dit wykein ferstoarn. Hy krige nei alle gedachten in hertstilstân. Hy wie de oprjochter fan it festival, dat ûnder syn lieding útgroeide ta in festival dat minsken út in hiele lân luts. Letter stie hy oan it roer by Sense of Place, dêr’t hy ek oprjochter fan wie. Mulder is 67 jier wurden en lit in frou en dochter achter.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Befrijing yn de Fryske literatuer ‘Douwe Kiestra en de Fryske skuld’

logo.ensafh

De earste bydrage fan it nije jier yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer komt fan Abe de Vries: ‘Douwe Kiestra en de Fryske skuld’.

In fragmint út it artikel:
“Nei 1918 rekket de Fryske beweging op ’e nij sterk ferpyldere en mei troch allerhande politike en persoanlike strideraasjes komt it Fryske nasjonalisme, as oerkoepeljende ideology, mear en mear yn ’e knipe. As yn it begjin fan de tritiger jierren in nije, swiere ekonomyske krisis útbrekt, hoecht it jin net te fernuverjen dat in part fan de Fryske nasjonalisten ta is oan wat nijs. Dat sil it Fryske faksisme wurde, dêr’t Douwe Kiestra mei Jan Melles van der Goot en Rintsje Sybesma in sintrale rol yn krije sil.”… Lês fierder

Teleks: Bert Looper stoppet as direkteur by Tresoar

logo.ensafh

Bert Looper hat oanjûn dat hy yn de rin fan 2021 ophâlde wol as direkteur fan Tresoar.
Nei in sollisitaasjeproseduere fan de nije direkteur sil Bert Looper oant syn pensjoen ein 2022 as algemien meiwurker fan Tresoar syn enerzjy ynsette op in oantal spesifike taken.

Bert Looper waard yn 2007 de twadde direkteur fan Tresoar. Yn de ôfrûne fjirtjin jier hat hy him sterk makke om de nammebekendheid fan Tresoar yn en bûten de provinsje te fergrutsjen. Dêrnjonken hat hy in soad enerzjy stutsen yn it op in fernijende wize presintearjen fan de Fryske literatuer troch ferbiningen te lizzen mei oare keunstfoarmen.… Lês fierder

Teleks: Boekhannels hoopje gau wer iepen te kinnen; “anders gaan we echt pijn lijden”

logo.ensafh

Net allinnich lytse ûndernimmers mei in saak, dy’t fanwegen de coronamaatregels ticht is, hawwe it dreech. Ek gruttere saken komme aanst flink yn de problemen as de lockdown langer duorret. Boekhannel Van der Velde mei 9 bedriuwen en 150 man personiel is sa’n saak. As se oant febrewaris of maart tichtbliuwe moatte, wurdt it hiel problematysk.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Noardlike biblioteken ha it drok mei ‘boeke-ôfhelservice’

logo.ensafh

Offisjeel binne se ticht, mar de biblioteken yn Noard-Fryslân ha it op dit stuit tige drok mei harren ‘ôfhelservice’. No’t de leden net sels mear troch de biblioteek strune kinne, bestelle se de boeken digitaal. De ôfrûne wiken kamen allinne yn de noardlike biblioteken al mear as 1.400 oanfragen binnen.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder