Blog Daam de Vries: Wat moat der foaral net barre?

logo.ensafh

De krisis begjint aardich op in klucht te lykjen. En mei in klucht is it meast de bedoeling dat jo jo de bûsen útskuorre dat ik ha mar besletten dat ek te dwaan.

De iene lijt mear ûnder de krisis as de oare. Dyjingen dy’t it lûdst krimmenearje ha it minst te lijen, dat is it útgongspunt. Noch net sa lang lyn mjekkeren de supermerkbazen om it lûdst dat it klauwen mei jild koste mei al dy winkelkarrehimmelfamkes en sa. Dat sil. Mar oft jo yn sawol it Deiblêd as de Ljouwerter (en nei’t ik oannim yn noch aardich wat oare kranten) 8 (acht!)… Lês fierder

Teleks: Hylke Speerstra hast klear mei syn ‘Magnum Opus’

logo.ensafh

Skriuwer Hylke Speerstra seit dat er himsels yn karantêne pleatst hat. “Net fanwege corona, mar omdat it boek ôf moat”. Mei ‘it boek’ doelt Speerstra op syn lêste grutte wurk dêr’t er no mei dwaande is. It moat syn masterwurk wurde, syn ‘Magnum Opus’.
Hylke Speerstra – Foto: Omrop Fryslân

De latte leit heech foar de skriuwer dy’t mei ‘It wrede paradys’ al in bestseller skreaun hat. It ferskynde yn 2000, krekt foar’t ‘Simmer 2000’ begûn en wie in grut sukses. It waard yn it Nederlânsk (Het wrede Paradijs) en it Ingelsk (Cruel Paradise) oerset.

Fan de Fryske en Nederlânske fersy binne mei inoar sa’n 60.000 eksimplaren ferkocht.… Lês fierder

Teleks: Befrijing yn de Fryske literatuer: De koma-korrektor fan Baukje Zijlstra

logo.ensafh

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels foar de online Dei fan de Fryske letterkunde hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed de lêste kear: De koma-korrektor (2018) fan Baukje Zijlstra.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Nij webstee oer it Sealterfrysk presintearre

logo.ensafh

Hjoed is yn it riedhûs fan Sealterlân it webstee Seeltersk.de oan ‘e parse presintearre. Op it webstee is in protte ynformaasje te finen oer de Fryske taal fan it Sealterlân. De presintaasje waard dien troch Thomas Otto, de boargemaster fan Sealterlân, en Henk Wolf, wittenskiplik meiwurker foar it Sealterfrysk by it Oldenburger Lânskip. Wolf hat it webstee makke en sil it beheare.

Boarne: It NijsLês fierder

Teleks: Ek FNP en FvDF wolle ‘Jeugd-Obe’-priis foar Fryske taalbefoardering

logo.ensafh

In ‘Jeugd-Obe’-priis foar de bêste Fryske oersetting fan jeugdliteratuer: neffens de FNP en Forum Fryslân soe dat in goede stimulâns wêze om it Frysk te befoarderjen. Sy stelle hjiroer fragen yn de Provinsjale Steaten. De sjuery fan de Obe Postmapriis kaam earder sels mei de oanbefelling om in ‘Jeugd-Obe’ yn it libben te roppen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Wat ons trof in 2020 ‘Fryske poëzy’

logo.ensafh

Corona treft de culturele sector zwaar. Desondanks kende ook dit jaar zijn culturele hoogtepunten. Onze recensenten vertellen welke. Vandaag: Fryske poëzy.

2020 wie in ryk poëzyjier, mei nij wurk fan ûnder oaren Piter Boersma, Eppie Dam (gedichten by abstrakte lânskippen fan Johan Haanstra), Elmar Kuiper, Simon Oosting en Geart Tigchelaar. En net te min oersette poezy, lykas de Poetyske Edda, Slauerhoff en de Amearikaanske outlaw en beatpoets.

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder