Teleks: Befrijing yn de Fryske literatuer ‘Op klompen troch de dessa’ fan Hylke Speerstra

logo.ensafh

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels foar de online Dei fan de Fryske letterkunde hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: Op klompen troch de dessa (2014) fan Hylke Speerstra.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Meartalige gedichterûte Koudum

logo.ensafh

Skoalbern yn Koudum hawwe in meartalige gedichterûte makke foar it doarp. Under de titel ‘Koudum ferbynt’ wurdt taal ferbûn mei keunst en kultuer. Yn de tunen stean gedichten opsteld en in rûte fan sawat 2,5 km giet dêrby del. De rûte is yn de lêste wiken fan 2020 te rinnen.
De gedichterûte is makke mei help fan ûnderwiisorganisaasje Cedin. De dielnimmende learlingen sitte op de skoallen Bogerman, De Klimbeam en It Fûgelnêst. Deputearre Sietske Poepjes soe de gedichterûte iepenje, mar dat giet net troch fanwege de corona.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Subsydzje foar lytse kulturele inisjativen

logo.ensafh

Fan 4 jannewaris ôf kinne keunstoanbieders en útfierende keunstners in bydrage oanfreegje út de nije provinsjale regeling Kleine cultuurinitiatieven Fryslân. De provinsje jout oant 10.000 euro subsydzje foar it organisearjen fan kulturele aktiviteiten op moetingsplakken yn de oardelmetermienskip. Der is 150.000 euro beskikber. De regeling is ûnderdiel fan it provinsjale koroana-werstelmaatregelpakket.

“Ik bin tige wiis mei dizze nije regeling”, seit deputearre Sietske Poepjes. “Dizze groep kreativen hat it bysûnder dreech yn de koroana-tiid, wylst se sa wichtich binne foar it kulturele klimaat yn Fryslân. Dêrom hawwee se ús stipe hurd nedich. Ik bin bliid dat we harren dy biede kinne.”

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Provinsje kent dochs kultuersubsydzje ta oan ûnder oare Friesland Pop

logo.ensafh

De driging foar it fuortbestean fan Stichting Friesland Pop is fan de baan mei de takenning fan in provinsjale subsydzje. Earder waard de oanfraach fan Friesland Pop ôfwiisd, mar mei in moasje moast deputearre Poepjes dochs sjen nei finansiering fan guon kulturele ynstellingen, dy’t bûten de boat foelen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder