Teleks: Pippi-oersetter Martsje de Jong “Folle mear berneboeken fertsjinje in Fryske oersetting”

logo.ensafh

De Fryske Pippi Langkous is rôversguod. De earste printinge fan tûzen eksimplaren fan it ferneamde boek fan Astrid Lindgren yn it Frysk wie yn in omsjoch fuort. De twadde printinge fan de Afûk-útjefte is ûnderweis. Oersetter Martsje de Jong hat de smaak te pakken: “Folle mear berneboeken fertsjinje in Fryske oersetting.”

It súkses fan de Fryske Pippi ynspirearret útjouwers en oersetters om te wurkjen oan mear oersettings út de wrâldliteratuer yn it Frysk. Anne Popkema fan útjouwerij Regaad pleitet der foar om in folle grutter ferskaat oan boeken yn it Frysk oer te setten, sadat it oanbod oan Fryske boeken breder en nijsgjirriger wurdt foar bern én folwoeksenen.… Lês fierder

Teleks: PODCAST Boekekast #5 ‘Lost in Translation’, in ferhaal fan Jetske Bilker

logo.ensafh

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan ‘Boeken fan Fryslân’ en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de fiifde ôflevering is it ferhaal ‘Lost in translation’ fan Jetske Bilker te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwster. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg.

Lês, harkje en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Pippi Langkous giet nei Fryslân; het onverwachte succes van de Friese kinderboekvertaling

logo.ensafh

De eerste Friese editie van Pippi Langkous vloog voor Sinterklaas de boekhandels uit. Vertalingen van jeugdklassiekers helpen de taal beter vooruit dan originele Friese romans.
Sybilla Claus4 december 2020, 12:52

“Het was grandioos om Pippi Langkous over te zetten. Pardon, dat is een Friesisme, ik bedoel om het te vertalen”, zegt Martsje de Jong. “Pippi is het boek der boeken dat iedereen kent.” Hoe kan het eigenlijk dat er in het 75ste levensjaar van Pippi nog geen Friese editie was? Al in 1979 kwam namelijk voor het eerst werk van Astrid Lindgren in het Fries uit, er volgden er nog negen.… Lês fierder

Teleks: Befrijing yn de Fryske literatuer ‘De kollums fan Frou X’

logo.ensafh

De rige artikels fan Jan Ybema wurdt ûnderbrutsen troch in oare bydrage yn it dossier. Janette Bosma, research masterstudint Nederlânske literatuer en kultuer út Utrecht, rûn fan augustus oant en mei novimber staazje by Tresoar. In part fan har ûndersyk presintearret se yn in lêzing.

Foar har staazje hat Janette Bosma ûndersyk dien nei de kollums fan Lipkje Post-Beuckens, better bekend as Ypk fan der Fear. Under de namme Frou X publisearre sy yn de jierren nei de oarloch alle wiken in kollum yn it Frysk Deiblêd. Ut it ûndersyk komt ûnder oare nei foaren dat de befrijingstiid foar in soad froulju in momint wie om har rol yn de maatskippij ta diskusje te stellen.… Lês fierder

Teleks: In nije Moanne

logo.ensafh

It is tiid foar in nije koers by de Moanne. Ynhâldlik, organisatoarysk en yn foarm. Tialda Hoogeveen nimt mei yngong fan 1 jannewaris takom jier de einredaksje oer fan Sito Wijngaarden, dy’t 10 jier lang dy funksje útfierd hat. Dêrneist ferhuzet it blêd fanút de Afûk nei in nij ûnderdak yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. It tydskrift sels bliuwt it poadium foar kultuer en keunsten yn Fryslân en sil faker fan him hearre litte, op mear ferskate plakken.

Lês fierder by de MoanneLês fierder

Teleks: Oprop lêsgroep boeken Trinus Riemersma

logo.ensafh

Ein jannewaris 2021 begjint der in online lêsgroep oer boeken fan Trinus Riemersma. Riemersma (1938-2011) is ien fan de wichtichste Fryske skriuwers fan nei 1945. Hy debutearre yn 1964 mei de roman Fabryk, dy’t foar grutte beroering yn de Frysk literêre wrâld soarge en tsjinstelde reaksjes opsmiet. Hy krige yn 1967 foar Fabryk de heechste literêre ûnderskieding yn Fryslân, de Gysbert Japicxpriis.

Yn de lêsgroep beprate wy ienris yn de moanne in boek, te begjinnen mei Fabryk en it lêste boek is De acht foar achten trein.

Sjoch foar mear ynformaasje en opjefte by SirkwyLês fierder