Nijs
Aginda 26-07-2024: Fremibu yn Kafee Wouters
Fremibu yn Kafee Wouters! Elk dy’t wat mei literatuer hat of docht is wolkom!
24 April 2014 16.30-18.15 oere. Sophialeane 5, 8911 AE Ljouwert.… Lês fierder
Teleks: Skriuwer en dichter Willem Abma (82) ferstoarn
Skriuwer en dichter Willem Abma is op 23 july yn Ljouwert ferstoarn. Hy is 82 jier wurden.
Yn 1973 krige Abma de Gysbert Japicxpriis foar de trije dichtbondels De âlde en de leave hear as lead om âld izer, Op libben en dea en Mosken en Goaden, dy’t er ûnder it pseudonym Daniël Daen publisearre hie.
Gerben Willem Abma waard yn 1942 yn Folsgeare berne as jongste bern yn in grutte ortodokse boerehúshâlding. Hy studearre yn Utrecht rjochten, yn Grins teology en die yn 1974 syn doktoraal eksamen yn it lêstneamde fak.
Neidat er jierrenlang learaar wie yn Ljouwert, wurke er sûnt 1987 as psychoterapeut yn Drachten.… Lês fierder
Teleks: Oprop foar lêzingen ‘Taalkundedei 2024’ Fryske Akademy
De Fryske Akademy organisearret op freed 25 oktober de 13e Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk. Wa’t op dy dei in lêzing of presintaasje hâlde wol, kin dêrta in foarstel oan de organisaasje takomme litte.
Sjoch foar mear ynformaasje by de Fryske Akademy… Lês fierder
Teleks: Nij gedicht Dichter fan Fryslân Arjan Hut ‘Simmer offline’
‘Simmer offline’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.
Lês fierder by Dichter fan Fryslân
*
Simmer offline
en de wyn blaast in ûnbestimd liet
en de rein tikket in ferbean boek oer de dakken út
“God nimt foto’s”, sei mem as it wjerljochte
ik bin mar in ienfâldige Fries
net geskikt foar wurk op kantoar
ûnhandich mei de holle
en hannen
Lês fierder by Dichter fan Fryslân… Lês fierder
Aginda 26-09-2024: Skriuwerskafee
Skriuwerskafee
Op alle lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau!
It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle Terpstra en Arjan Hut.… Lês fierder
Teleks: Tresoar wol bûtenlân oertsjûgje fan UNESCO-status hânskriften: “Fingers kruse”
De Richthofenkolleksje mei Alfryske hânskriften moat ek mei in ‘joint nomination’ op de list mei ynternasjonaal wrâlderfgoed fan UNESCO. Dat wol Tresoar, dat no aktyf kontakt siket mei oare argiven.
Eins binne de earste stappen al yn 2022 set, doe’t de samling al de status UNESCO Memory of the World krige, op foardracht fan Nederlân.
Troch sa’n status kinne weardefolle argiven, kolleksjes en wurken better bewarre en tagonklik makke wurde.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder