Teleks: Nije poëzijfideo Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV

logo.ensafh

Op snein 20 desimber giet der wer in nije poëzijfideo yn premjêre op Omrop Fryslân TV. Geandewei dit jier en takom jier sille der meardere poëzijfideo’s útstjoerd wurde fia Omrop Fryslân TV. De fideo’s binne ferfolgens ek online te sjen fia dizze webside, Leeuwarden City of Literature, LF2028, de LC en de webside fan Omrop Fryslân.

Boarne: Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Presintaasje poëzijstien Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Op tongersdei 9 desimber wurdt oan de Skrâns yn Ljouwert in nije poëzijstien lein mei in gedicht fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân. It gedicht ‘Asman’, oersetten troch Anne Feddema, is yn opdracht fan Historisch Centrum Leeuwarden spesjaal skreaun foar it 150-jierrige jubileum fan de Ljouwerter stedsreiniging. It gedicht is in dei letter ek te lêzen yn de Ljouwerter Krante, it Friesch Dagblad en op de webside fan Omrop Frylân.

Boarne: Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Grutte Gedichtejûn DIGITAAL op 5 febrewaris 2021

logo.ensafh

Bêste dichter/poëzyleafhawwer!

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren sil folslein digitaal wêze op freedtejûn 5 febrewaris om 19:30 oere. De jûn wurdt nammentlik op it YouTube-kanaal fan Ensafh útstjoerd.

Om dy reden roppe wy alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om ien gedicht op te nimmen. It makket net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft de gedichten skreaun binne. Jo hoege sels net iens dichter te wêzen, jo meie ek gerêst in oar syn of har gedicht foarlêze.

De filmkes moatte opstjoerd wurde foar 22 jannewaris.… Lês fierder

Teleks: Nieuw ‘kennisberaad’ moet regie over het Fries pakken

logo.ensafh

Een nieuw ‘kennisberaad voor het Fries’ moet de dynamiek terugbrengen in de kennisinfrastructuur rondom het Fries. Die kennisinfrastructuur hapert aan alle kanten, aldus het adviesorgaan voor de Friese taal DINGtiid.

DINGtiid deed op eigen initiatief onderzoek naar de kennisinfrastructuur, het stelsel van onderwijs en wetenschap rondom het Fries, en constateert dat er veel moet gebeuren om de dynamiek er weer in te krijgen. Hun advies daarover werd gisteren aangeboden aan gedeputeerden Sander de Rouwe en Sietske Poepjes.

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder

Teleks: Oprop foar de skriuwersarke

logo.ensafh

OPROP FOAR DE SKRIUWERSARKE

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932 – 2001) wer beskikber wêze sil foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthuis yn Bergen, NH beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.

Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle.… Lês fierder