Teleks: By Rotterdam waard eartiids Frysk praat

logo.ensafh

Doe’t taalkundige Peter-Alexander Kerkhof in moannemannich ferlyn syn bekende fideo yn midiuwsk Nederlânsk online sette, kaam dêr op it Frysktalige ynternet fuort in protte krityk op. De tekst yn ‘e fideo waard nammentlik útsprutsen troch in sabeare ynwenner fan it alfde-iuwske Rotterdam. Dy hie doe ommers Frysk praat, seine guons, en gjin Nederlânsk, dat de fideo soe net doge.

No is it sa simpel net as dat de kritisy hawwe woene. Yn ‘e midsiuwen wiene Fryske en Saksyske stammen konstant yn ferweech yn Súd-Hollân, dat doe noch foar in grut part út lytse eilantsjes bestie. Dochs hat Kerkhof goed nijs foar de Friezen: der is in oanwizing dat der uterlik yn de tolfde iuw yn it doarp Maasland, deun by Rotterdam, noch Frysk praat waard.… Lês fierder

Teleks: Lêzing Goffe Jensma by de oanbieding fan ‘Waling Dykstra Folksskriuwer’

logo.ensafh

Waling Dykstra syn betsjutting yn de hjoeddeiske literatuer, útropteken, sei Hille Faber, doe’t ik him frege, wat er woe dat ik wat oer sizze soe. Bêst, sei ik, ik kin it knippe sa’t je it krije wolle. Hoe lang haw ik? Fraachteken. Tsien oant tolve minuten. Utropteken. Komt foar de bakker. Utropteken.

Mar doe’t Hille wer fan ‘t skerm ôf wie – want it gie hjir om koronêr emailkontakt – doe duorre it mar eventsjes en briek my it swit út. Wat ha ik no yn de frede om hâns hân? Hoe moat ik dit fergemy no werris ha? Wat in ûnmooglike fraach.… Lês fierder

Teleks: Koade read: fjouwer Frysksinnige toppers op ’e wip

logo.ensafh

Net elk hat it al yn ’t snotsje, mar de kommende twa, trije jier komt it derop oan wat de Frysktalige kultuer oanbelanget. Leafst fjouwer kaaiposysjes yn de Fryske kulturele ynfrastruktuer moatte in nije ynfolling krije.

De Fryske Akademy siket in nije direkteur; dêr hat al in petysje oer west, om nei ynterim Willem Smink dochs foaral immen foar fêst te beneamen dy’t bekend is mei de provinsje en in freon fan it Frysk is. It Histoarysk Sintrum Ljouwert wuift aansen in kear Tamminga-kenner Geart de Vries út. By Tresoar hat tûzenpoat Bert Looper noch mar in jier as trije te gean.… Lês fierder

Teleks: Befrijing yn de Fryske literatuer: filmmateriaal

logo.ensafh

Hjoed in spesjale bydrage yn it dossier oer Befrijing yn de Fryske literatuer. It Frysk Film Argyf hat in kompilaasje oan bylden makke oer de Nederlânske oanwêzichheid yn wat doe Nederlânsk-Ynje wie en no Yndonesië is. Jan Ybema hat op dit stuit in rige artikels oer boeken dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Mei dit filmmateriaal besjogge wy it ûnderwerp fan in oare hoeke.

Lês en sjoch fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: PODCAST Boekekast #3: ‘It moaiste’, in ferhaal fan Piter Boersma

logo.ensafh

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan ‘Boeken fan Fryslân’ en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de tredde ôflevering is it ferhaal ‘It moaiste’ fan Piter Boersma te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwer. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Rein Tolsma.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder