Teleks: Befrijing yn de Fryske literatuer ‘Hwat west hat fan Riemer Riemersma’

logo.ensafh

Fiifensantich jier nei ús eigen Befrijing fan de besetting feroaret noch hieltyd ús tinken oer de striid foar frijheid dy’t yn dyselde snuorje fierd waard yn wat doe Nederlânsk-Yndië hjitte. De feroarjende omgong mei dat ferline sjogge wy ek werom yn Fryske romans dêr’t Yndonesië in rol yn spilet. Yn in rige artikels hâldt Jan Ybema ferskate romans dêroer tsjin it ljocht. Hjoed: Hwat west hat (1965) fan Riemer Riemersma.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Oersetter Jan Popkema dwaande mei Baron von Münchhausen

logo.ensafh

Juster krige Jan Popkema fan Burgum út hannen fan deputearre Sietske Poepjes de dr. Obe Postmapriis foar de Fryske oersetting fan it boek Das Parfum. Dat barde by Popkema thús. De priis bestiet út in bedrach fan 2000 euro en in oarkonde.

Underwilens is Popkema dwaande mei it oersetten fan de bekende ferhalen fan Baron von Münchhausen. Dy Dútske ealman krige yn de 18de iuw wrâldwide bekendheid as ferteller fan sterke ferhalen.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Jan Popkema nimt dr. Obe Postmapriis yn ûntfangst

logo.ensafh

Deputearre Sietske Poepjes oerlange hjoed de dr. Obe Postmapriis oan Jan Popkema. De útrikking wie fan ’t jier troch de koroanamaatregels oars dan gewoanwei. Jan Popkema krige de priis thús yn Burgum foar de Fryske oersetting fan it boek Das Parfum (It parfum). De priis bestiet út in bedrach fan 2000 euro en in oarkonde.

It programma oangeande de útrikking fan de dr. Obe Postmapriis koe fan ‘t jier spitigernôch net trochgean. Explore the North, Tresoar en provinsje Fryslân wolle dêrom graach op in letter momint omtinken freegje foar de winner, syn wurk en it ûnderwerp literêr oersette. Sa kin der rjocht dien wurde oan de winnende oersetting.… Lês fierder

Teleks: Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja komt met tbs-poëzie

logo.ensafh

Van Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja verschijnt 10 december een bundel gedichten over leven met TBS, Springtij .

De gedichten zijn geschreven na gesprekken met tbs’ers en hun behandelaars over de problemen die hebben meegemaakt en ondervinden. Bruinja werd daartoe uitgenodigd door de Pompestichting, een instelling voor forensische psychiatrie in Nijmegen.

Lês fierder by it Dagblad van het NoordenLês fierder