Teleks: Premjêre poëzijfideo Dichter fan Fryslân – ‘Begjin’

logo.ensafh

Juster gie op Omrop Fryslân TV de earste fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. Geandewei dit jier en takom jier sille der meardere poëzijfideo’s útstjoerd wurde fia Omrop Fryslân TV. De fideo’s binne ferfolgens ek online te sjen fia dizze webside, Leeuwarden City of Literature, LF2028, de LC en de webside fan Omrop Fryslân.

Sjoch it filmke by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: PODCAST Boekekast #1: ‘Old school’, in ferhaal fan Hilda Talsma

logo.ensafh

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan ‘Boeken fan Fryslân’ en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de earste ôflevering is it ferhaal ‘Old school’ fan Hilda Talsma te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwster. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Karen Bies oer nije seizoen ‘Boekekast’

logo.ensafh

De moaiste Fryske ferhalen yn de donkerste dagen fan it jier, de podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân kriget in ferfolch. Fryske skriuwers skreaune spesjaal foar dit twadde seizoen in ferhaal. Neist it ferhaal is yn de podcast ek in ynterview mei de skriuwer te hearren. Presintatrise Karen Bies mocht de skriuwers ûnderfreegje en fertelt no ús har ûnderfiningen.

Wat is it ferskil mei de earste rige Boekekast?

“Yn seizoen 1 wie it in seleksje fan boekfragminten en koarte ferhalen út de besteande literatuer. Dit seizoen ha wy acht Fryske skriuwers frege om spesjaal foar dizze podcast in ferhaal te skriuwen.… Lês fierder

Teleks: Alsidich skriuwer en Gysbert-winner Josse de Haan (79) ferstoarn + updates

logo.ensafh

Skriuwer Josse de Haan is op sneon yn it sikehûs fan Bayonne ferstoarn. De produktive en alsidige skriuwer krige yn 2007 de Gysbert Japicxpriis foar syn roman Piksjitten op Snyp. Hy is 79 jier wurden.

Josse de Haan waard berne yn 1941 yn Peins. Hy folge de ûnderwizersoplieding oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Fan 1962 oant 1971 wie er haad fan de iepenbiere ienmansskoalle te Hjerbeam, dy’t yn 1967 in twamansskoalle waard, doe’t (skriuwer) Trinus Riemersma yn 1970 syn direkte kollega waard. Yn 1971 krige er in beneaming as learaar Nederlânsk oan in skoalle yn Schagen (Noard-Hollân). Njonken syn wurk studearre er MO-Nederlânsk yn Amsterdam.… Lês fierder

Teleks: petear mei Tsead Bruinja

logo.ensafh

Hoe zie jij je ontwikkeling als dichter? Hoe zie jij de ontwikkeling van het mensbeeld in je poëzie?
Aanvankelijk schreef ik in het Engels en deed ik zangers na die ik tof vond. Ik speelde met taal. Mijn eerste landelijk uitgegeven bundel was in het Fries; daarin zat toegankelijk én experimenteel werk. Ik schreef in een soort verminkte sonnetvorm. Ik probeerde bijvoorbeeld regels te maken van 13 lettergrepen in plaats van 10 lettergrepen, zoals dat normaal is in een sonnet.

Pfoe, maar verder… Dit blijft een moeilijke vraag. Ik schreef al 13 bundels. Wat is mijn ontwikkeling? Er zijn dingen veranderd, maar ook juist hetzelfde gebleven.… Lês fierder