Teleks: Stichting Bildts Aigene hout in ’t winterseisoen twee kursussen

logo.ensafh

Verkorte cursus Bildts voor niet-Bildtstaligen (maximaal 10 kursisten)
Er wordt aandacht besteed aan het begrijpen, het lezen en het spreken van het Bildts in ongeveer 12 lessen. Cursusgeld: € 50,00, incl. lesmateriaal, koffie/thee. Opgave vóór 1 oktober a.s. bij kursus@bildtsaigene.nl of bij Janny Bouma 0518-491318.

De lessen worden op woensdagavond gegeven van 19.30-20.45 uur in de bibliotheek te St.-Annaparochie. De eerste les is op woensdag 14 oktober a.s. U kunt ook digitaal de cursus volgen: www.digibildts.nl Voor cursisten gratis, voor anderen € 5,00.

Sjoch foar mear ynfo by Stichting Bildts Aigene.Lês fierder

Teleks: Studinten oer Durk van der Ploeg

logo.ensafh

Mannich leafhawwer sil it mei my iens wêze dat it ûntdekken fan it wurk fan in keunstner in alderaardichst gelokmomintsje is. As it giet om in skilder, byldhouwer, sjonger of in skriuwer, witte dat it grutte wurk dat sy makke hawwe dy noch ûnbekend is en datst dat wurk noch ta dy nimme meist, iepenet de poarten nei dyn eigen ik. Durk van de Ploeg is sa’n keunstner foar my.

Sa begjint studint Hessel Yntema in stikje oer Durk van der Ploeg. Yntema is studint oan de NHL Stenden Hegeskoalle en sprekt syn wurdearring út foar de skriuwer. Lês fierder by Sirkwy.… Lês fierder

Teleks: Deputearre Poepjes yn oerlis oer ‘earliker ferdieling’ lanlik kultuerjild

logo.ensafh

De ferdieling fan de rykssubsydzjes foar kultuer moat op de skop. Deputearre Sietske Poepjes is al yn oerlis mei al har kollega-kultuerdeputearren oer in ‘earliker ferdieling’ fan de kultuersubsydzjes oer alle Nederlânske provinsjes. Yn de Provinsjale Steaten hat de FNP de ‘skeve ferdieling’ fan de kultuersubsydzjes op de aginda set.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 30-10-20: Stúdzjemiddei Fryske Bibeloersetting oer ‘soarte’ Frysk

logo.ensafh

Wie Maria swanger, swier of yn ferwachting fan Jezus?
Sokke en oare taalfragen komme oan ’e oarder op in stúdzjemiddei fan YKFE-FBO, de stifting dy’t dwaande is om de Bibel opnij yn it Frysk oer te setten. Ien fan de fragen is: nei hokker Frysk wurdt oerset: dat fan ‘yn ferwachting’ (in lienwurd út it Hollânsk) of dat fan ‘swier’ (in ‘echt’ Frysk wurd)?

Sân saakkundigen binne útnûge om elk foar oar in aspekt fan dat ûnderwerp te beljochtsjen. It binne: prof.dr. Nicolien van der Sijs (Nijmegen), dr. Willem Visser (RUG/Fryske Akademy), dr. Lénart de Regt (Vrije Universiteit/United Bibel Societies), Nika Stefan MA (Fryske Akademy), Gerbrich de Jong MA (NHL-Stenden), prof.dr.… Lês fierder

Teleks: Dichter fan Fryslân Nyk de Vries begjint yn Wolvegea mei skoalletoer

logo.ensafh

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries is úteinset mei in toernee by skoallen yn de provinsje del. As earste wie tiisdei it Terra Wolvegea oan bar, in gebiet dêr’t fan âldher gjin Frysk, mar Nedersaksysk praat wurdt. De Vries lies koarte Frysktalige fragminten foar op muzyk. De learlingen fûnen it “leuk en leerzaam”.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder