Teleks: Oanmelding kursus poëzy skriuwen stiet noch iepen

logo.ensafh

Dichterskollektyf RIXT en Tresoar organisearje dizze hjerst in kursus poëzy skriuwen. Yn njoggen jûnen learst oer ferskate aspekten fan poëzy, lykas de start fan it kreative proses, metafoaren, fisuele aspekten en de foardracht. De kursus wurdt fersoarge troch in pear dichters dy’t oansletten binne by RIXT. De rige wurdt ôfsletten mei in dichtersjûn. De oanmelding stie earst allinnich iepen foar RIXT-dichters, mar der is noch plak oer. Dêrom meie oare dichters har no ek oanmelde.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: NDC neamt wegerjen Frysktalige bydrage FNP ‘misferstân’

logo.ensafh

Streekkrante De Feanster pleatst gewoan ynstjoerde Frysktalige stikken fan de FNP-fraksje yn de gemeente Achtkarspelen. De FNP wie snein lilk doe’t de partij te hearren krige dat in Fryske bydrage net pleatst wurde soe. Mar dat wie in misferstân, seit Douwe Wijbrands, sjef fan de nijs- en wykblêden fan de NDC Mediagroep, dêr’t De Feanster ek ûnder falt.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Earste moannegedicht Peter Vermaat op RIXT

logo.ensafh

Peter Vermaat is moannedichter fan Septimber by RIXT. Oade oan de ferteller is syn earste moannegedicht.

oade oan de ferteller

                                  foar mindert wijnstra

hy makket floeiber wat sûnt jierren stjurre
weismiten is yn ’t jiskefet fan ’e tiid
hy kin de seefroulju noch libje litte
wit wêr’t de duvel dûnset yn it tsjuster

Lês fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Skriuwer Mindert Wijnstra hat net lang mear te libjen: “It hat goed west”

logo.ensafh

It libben fan ferhaleferteller, skriuwer en ûnderwizer Mindert Wijnstra is hast oan ‘e ein. Hy is thús yn Warns dêr’t syn dochters en frou him fersoargje en bystean. Mindert Wijnstra hat prostaatkanker en nei in oerhaal is hy hurd achterút gien. Doe’t er yn Bloemkamp wie om oan te sterkjen en de coronakrisis útbruts, koe er krekt op ‘e tiid thúshelle wurde.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop Fryslân

 … Lês fierder

Teleks: Ferslach presintaasje ‘Boechbylden’, Slauerhoff yn it Frysk

logo.ensafh

BOECHBYLD FOAR BOECHBYLD BROK

Hjoed is yn ’e SlauerHoff by boekhannel Van der Velde te Ljouwert it earste eksimplaar fan it boek ‘Boechbylden’ oanbean oan de kommissaris fan de Kening yn Fryslân, de hear Arno Brok.
Foar dizze lang ferwachte útjefte binne fersen Jan Jacob Slauerhoff útkeazen en oerset troch de dichters Eppie Dam en Abe de Vries. De lêste spruts de kommissaris ta.
“Boechbylden, it risseltaat, hat jierren ûnderweis west. It sonk, it kaam wer boppe wetter, en dan wie it wer fuort – dit boek hat wat dat oanbelanget wol wat fan de Vliegende Hollander hân – mar no is it der dan einlings.… Lês fierder