Teleks: Ljouwert ferjit de Fryske taal by omtinken foar ûnbetûfte skriuwers

logo.ensafh

Dat net elk yn Ljouwert maklik in Hollânsktalich briefke skriuwt, is in ding dêr’t gâns lju gjin aan fan hawwe. De gemeenterie wol dat mear minsken harren dêr rekkenskip fan jouwe. De gemeente hat sadwaande twa saneamde ‘leafdesboaden’ lêst jûn en stypje de net sa rêdsume skriuwers út de haadstêd en omkriten by it skriuwen fan in kreas minnebrief.

Dy skaadskriuwsters binne part in Nederlânske aksje dêr’t gemeenten in wike lang omtinken yn freegje foar in beheinde skriuwfeardigens.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Nije útjefte fan in tiidleas ferhaal

logo.ensafh

Dingeman krijt wjukken fan Eppie Dam, dêr’t de skriuwer yn 2001 de Simke Kloostermanpriis foar krige, is opnij útjûn.

It ferhaal giet oer Dingeman, dy’t mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd wennet. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende boerepleats fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Paken en beppen dogge dêr alles wat de bern wolle. Dêrom stjoere se de bern ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen…

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Utslach ferhalewedstriid foar de Lange koartproazajûn

logo.ensafh

Utslach ferhalewedstriid foar de Lange koartproazajûn

Begjin dit jier hat Frysk literêr tydskrift Ensafh in oprop dien ta it ynstjoeren fan tige koarte ferhalen fan op syn heechst 250 wurden. Dat hat de redaksje fan it tydskrift dien, mei’t hja fûn dat der yn ’e Fryske literatuer mear omtinken foar proaza komme kin.

Dat hat fertuten dien, want mei 39 ynstjoerde ferhalen kin sein wurde dat it koarte ferhaal libbet as in hart. De sjuery, besteande út Gerbrich de Jong, Nyk de Vries en Anne Feddema, hat yn totaal 14 ferhalen bekroane.
De winners binne: Anneke Augusteijn, Ytsje Hettinga, Trevor Scarse, Friduwih Riemersma, Henk Wolf, Berber Spliethoff, Johannes Dijkman, Baukje Zijlstra, Elske Kampen, Amarens Hibma, Bregtje Sijtsma, Elmar Kuiper, Sipke de Schiffart en Angelique van der Veen.… Lês fierder

Teleks: Skriuwer Anne Feddema yn Kulturele Haadstêd Galway: ‘Bealgje as in idioat’

logo.ensafh

Dûnsje, springe, sjonge en skriuwe, fan moarns betiid oant jûns let. Skriuwer, muzikant en skilder Anne Feddema fan Ljouwert moat oan ’e bak yn Ierlân, dêr’t hy mei oare keunstners wurket oan in multydissiplinêre foarstelling. ‘Ik haw oan ’e ein fan ’e dei de ein yn ’e bek.’ Dochs soe Feddema dit foar gjin goud misse wolle.

Anne Feddema docht mei oan ien fan de projekten fan kulturele haadstêd Galway, dêr’t de Afûk as partnerorganisaasje by belutsen is. Óró hjit it stik. It is Gaelysk, mar wat betsjut it eins? ‘It is in kreet, in soarte fan oanmoediging. It komt ek foar yn in ferneamd Iersk rebelleliet’, leit Feddema út.… Lês fierder

Teleks: Literatueradviseur Tresoar: “It wurdt tiid foar in Fryske skriuwersskoalle”

logo.ensafh

It nivo fan de Fryske literatuer is hiel behoarlik, mar der is wol ferlet fan stipe op bygelyks redaksjoneel mêd. Dat stelt literatueradviseur Meindert Reitsma fan Tresoar. “It wurdt tiid foar in Fryske skriuwersskoalle”, seit er dêrom. “It soe moai wêze as der oer in pear jier in trajekt is dat skriuwers stap foar stap better makket.”

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder