Aginda 12-09-20: Presintaasje stripboek ‘It Blauwe Hûs’

logo.ensafh

Sneon 12 septimber de moarns om 10.00 oere wurdt yn ’e Sint Fitustsjerke fan Blauhús it Frysktalich histoarysk stripboek It Blauwe Hûs fan tekener Skelte Braaksma presintearre.

De strip fertelt de skiednis fan it doarp Blauhús oan ’e hân fan twa personaazjes dy’t inoar alle iuwen wer tsjinkomme. Hja meitsje alle grutte mominten fan it doarp mei, lykas oerstreamingen, it drûchlizzen fan de Sensmar (1630) tusken Greonterp en de Himdyk en de tiid dat it polderhûs mei blau tek – no fersoargingshûs It Teatskehûs – tsjinst die as skûltsjerke. Mar ek de evolúsje yn ’e tsjerke, de molkestaking yn ’e oarloch en doarpsfeesten lykas karnaval en de Merke steane deryn.… Lês fierder

Teleks: Feitsma Fûns uteret mei petysje soargen oer takomst Fryske Akademy

logo.ensafh

It Feitsma Fûns makket him bot soargen oer de maatskiplike takomst fan de Fryske Akademy. It fûns set him yn foar it befoarderjen fan it mûnling en skriftlik gebrûk fan de Frysk taal. Neffens it Feitsma Fûns sit de Fryske Akademy yn in ympasse. Om’t der noch hieltyd gjin nije direkteur is, komt it fûns no mei in petysje.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Durk van der Ploeg: omslaggen part 1

logo.ensafh

Op 6 septimber wurdt Durk van der Ploeg 90 jier. De skriuwer is al desennia literêr aktyf en hat in grut oeuvre byinoar skreaun. Op hege leeftyd skriuwt er noch altyd en wurdt syn wurk ek noch hieltyd lêzen. Yn in dossier dat Tresoar ta eare fan Van der Ploeg syn 90ste jierdei oanleit op Sirkwy wurde ferskate aspekten beljochte. Mei hjoed: de omslaggen fan syn boeken op in rychje, part 1.

Lês en sjoch fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Antikwariaat Fryslân giet ticht

logo.ensafh

It wie al dúdlik dat der ris in ein komme soe oan it bestean fan dy tige nijsgjirrige winkel, dêr yn Ljouwert, Antikwariaat Fryslân. En no stie yn de LC fan ôfrûne sneon dat de eigeners meikoarten, nei hast 35 jier, dermei ophâlde sille. Der lizze noch sa’n 30.000 boeken te wachtsjen op keapers!

As men dêr yn de winkel stiet, rinne in oantal saken daliks yn it each. De grutte en de breedte fan de winkel, de ordintlike wize fan it skikken yn rigen fan boeken op katagory fan talen en ûnderwerpen. Koartsein is it gjin rommeltsje.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: J.K. Rowling geeft mensenrechtenprijs terug, longlist boekenbon literatuurprijs bekend

logo.ensafh

J.K. Rowling, de schrijfster van de bekende Harry Potter-boekenserie, heeft de Ripple of Hope Award teruggegeven. De award wordt uitgereikt aan mensen die zich inzetten voor sociale verandering die Rowling won voor haar inzet voor weeskinderen. Nu geeft Rowling de prijs weer terug. Dit heeft ze besloten nadat Kerry Kennedy, hoofd van de organisatie van de prijs, online kritiek heeft geuit op de uitspraken die Rowling begin juni via Twitter had geplaatst.

Lês fierder by Schrijven OnlineLês fierder

Aginda 14-10-2020: PAUPER POËZIE yn Burgum

logo.ensafh

 

 

 

BOEKHANNEL BURGUM
PRESENTEARRET
WOANSDEI 14 oktober
FANÔF 7 OERE jûns
in
POËZIJ
FOARDRACHT
MEI
PAUPER POËZIE

GABRIELLE TERPSTRA
CHRISTA NIkLEWICZ
ALWIN VAN DER TOORN
LUBBERT JAN DE VRIES
+
To.Be.Arranged.Iepen mic.
dû?
lit it op de jûn oan ús witte……

FRIJ & BEAT & OUTLAW FERS
FRL & NL
EIGEN WURK & OERSET
TAGONG FERGEES FANSELS
… SJOCH JIM DÊR… Lês fierder