Teleks: Oankundiging ‘dossier oer 90-jierrige Durk van der Ploeg’

logo.ensafh

Op 6 septimber wurdt Durk van der Ploeg 90 jier. De skriuwer is al desennia literêr aktyf en hat in grut oeuvre byinoar skreaun. Op hege leeftyd skriuwt er noch altyd en wurdt syn wurk ek noch hieltyd lêzen.

Hy debutearre yn 1955 mei gedichten yn it Nederlânsk, yn it blêd Ontmoeting. Syn earste Fryske fersen stiene in jier letter yn De Tsjerne. Hy debutearre yn boekfoarm yn 1959 mei de bondel Lok op eachlingte. Nei 1979 lei Van der Ploeg him mear ta op it skriuwen fan romans en ferhalen. Syn haadfigueren binne faak gefoelige minsken, dy’t it libben amper of net oankinne.… Lês fierder

Teleks: Anita Terpstra beneamd ta ‘Virtual Writer in Residence’

logo.ensafh

It Britske ‘Noirwich Crime Writing Festival’ hat út twa ferskillende UNESCO Cities of Literature ‘Virtual Writers in Residence’ beneamd foar de kommende (online) edysje: Anita Terpstra út Ljouwert en Paddy Richardson út Dunedin, Nij-Seelân. Stipe troch festivalorganisatoaren fan it National Centre for Writing en de Universiteit fan East Anglia, sille se nij wurk skriuwe en kontakten ûnderhâlde tusken Norwich, de earste UNESCO-literatuerstêd fan Ingelân, en harren thússtêd.

Lês fierder by leeuwardencityofliteratureLês fierder

Teleks: Foarpublikaasjes twadde dichtbondel fan Geart Tigchelaar op Instagram

logo.ensafh

Op 3 oktober 2020 wurdt de nijste dichtbondel, mei de titel Ommers, fan Geart Tigchelaar presintearre. Dat docht er yn ’e mande mei dichter Elmar Kuiper syn nije bondel, Wite Mûle, Swarte Molke, jûns om 19:30 oere yn Jorwert.

Yn ’e oanrin op de presintaasje wurde op it Instagram-akkount @om.mers foarpublikaasjes pleatst. It earste fers ferskynt op woansdei 26 augustus. Tigchelaar hat earder proazagedichten op it webstee fan Dichterskollektyf RIXT publisearre en kaam der sa efter dat de foarm fan ’e gedichten tige gaadlik is om op it sosjale mediaplatfoarm te pleatsen. De dichter hopet sa dat syn wurk foar in breder publyk tagonklik is.… Lês fierder

Teleks: Literary world overwhelmed by 600 books to be published on one day

logo.ensafh

Over the summer, novelist and screenwriter David Nicholls has been something of a hero. With a humorous nod to the less glamorous aspects of publishing life – hastily defrosted canapés and eked-out warm white wine – the author of One Day and adaptor of the Patrick Melrose novels has thrown a series of Twitter book launches, amplifying new releases from writers including (but far beyond) the big names who will automatically elicit review space and window displays. The responses from the authors, especially the debutants, to gaining the imprimatur of a much-loved and huge-selling colleague, and from readers to discovering books to connect with in a time of such immense disconnection, has been powerful and touching.… Lês fierder