Teleks: Rimmer Mulder “Minsken moatte sels wat dwaan om it Frysk in takomst te jaan”

logo.ensafh

Der komt takom jier in brede maatskiplijke diskusje oer it brûken fan it Frysk. De diskusje soe eins dit jier al úteinsette mar troch de cornonakrisis is dit foarearst útsteld. Doel is dat der begjin takom jier earst in proefjûn organisearre wurdt mei jongerein oant tritich jier. As de proef oanslacht dan sille der mear diskusjejûnen op priemmen set wurde.

Rimmer Mulder is foarsitter fan de organisaasje Brede Maatskiplike Diskusje Frysk. Hy leit út wêrom’t sa’n diskusje nedich is. “Oant no ta wurdt der foaral yn beheinde romten diskusearre oer it Frysk. Wy wolle graach dat mear minsken harren bewust binne fan hoe’t it Frysk der foar stiet en mei ús meitinke oer wat wy mei de Fryske taal wolle yn de takomst.… Lês fierder

Teleks: Nij boek fan Lida Dykstra is nominearre foar Flaamske bernesjuery

logo.ensafh

De jeugdroman ‘Het beest met de kracht van tien paarden’ fan de Fryske skriuwster Lida Dijkstra is nominearre foar de Kinder- en Jeugdjury Vlaanderen (KJV), yn de kategory fan 12- oant 14-jierrigen.

Lida Dykstra skriuwt sûnt 1992 berneboeken yn it Frysk en it Nederlânsk en set har eigen boeken oer fan de iene nei de oare taal. Njonken printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers, skriuwt se foar de âldere jeugd. By dy boeken lit se har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis, har eardere fakgebiet. Sûnt dit jier is Lida Dijkstra Berneboekeambassadeur yn Fryslân.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Dokkumer dichtbundel als impuls voor het Stadsfries

logo.ensafh

Warner B. Banga spreekt het Dokkumers al zijn leven lang en dicht er nu zelfs in. Over zijn vrouw en kleinkinderen, over Dokkum en een bijzonder steegje.

,,Ut is de taal fan myn hart’’, verklaart amateurhistoricus Warner Banga zijn liefde voor het Dokkumers. Tijdens een bezoek aan een dag over het Stadsfries, eind 2018 in Franeker, realiseerde hij zich dat enkel de taal spreken misschien wel niet genoeg is om die te laten overleven. Een beetje taal wordt ook gebruikt om verhalen in te schrijven en te dichten.

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder

Teleks: Petear mei Arjan Hut

logo.ensafh

Met gepaste trots legt Arjan Hut uit Leeuwarden zijn bundel op tafel. De claire obscure-achtige kaft, ontworpen door Monique Vogelzang, is nog mooier dan hij voor ogen had. ,,Ik hie it der mei har oer dat ik op Malta it skilderij De onthoofding van Johannes de Doper fan Caravaggio sjoen hie. It is sa’n donker skilderij wêr’t dan ien objekt yn it ljocht stiet, sûnder datst witst wêr’t dat ljocht weikomt.” Dat gegeven past ook een beetje bij zijn bundel.

Lês fierder by it Friesch DagbladLês fierder

Teleks: Minister Slob stjit Tresoar ôf, mar finansjele stipe bliuwt

logo.ensafh

Minister Arie Slob draait de jildkraan foar it Frysk Histoarysk en Letterkundich sintrum Tresoar net ticht. Dat seit er op Keamerfragen fan CDA’ers Harry van der Molen en Lenny Geluk-Poortvliet. Dy wiene benaud dat Tresoar minder jild krije soe om’t Slob de regionale histoaryske sintra yn alle provinsjes net langer in ferantwurdlikheid fan it Ryk fynt.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder