Teleks: Undersikers ûntdekke nije midiuwske tekst yn Richthofen-kolleksje

logo.ensafh

De ûndersikers fan Pastei ha direkt sukses op de earste dei fan it ûndersyk nei de Richthofen-kolleksje. Dat is in samling fan de seldsume teksten út de midsiuwen, topstikken út de Fryske skiednis. Freed is it ûndersyk úteinset en de ûndersikers ha in nij stik tekst fûn yn twa siden dy’t oan elkoar lime wiene.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Wittenskippers Fryske taal ‘As we ús fakgebiet rêde wolle, moat der no aksje komme’

logo.ensafh

De kennisynfrastruktuer fan de Fryske taal is nuodlik. It tal ûndersyksplakken en -ynstellingen dêr’t de Fryske taal- en letterkunde yn Nederlân bestudearre wurde kin, nimt hieltyd fierder ôf. Foar jonge ûndersikers is de oantreklikens fan in baan yn de frisistyk dan ek sterk fermindere. En just sy moatte it fak rêde, seit heechlearaar Goffe Jensma.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: J.J. Slauerhoff op muziek: Eléonor & Gerry De Mol – Geen van Allen Zorgen

logo.ensafh

Eléonor (Elly Aerden) en Gerry De Mol doken in de teksten van J.J. Slauerhoff, de Nederlandse dichter van het verlangen naar verre kusten, naar (on)bereikbare vrouwen en naar huis. De dichter had fado, samba en bossa in de oren, en dat hebben zij ook.

Het resultaat is een heel nieuw liedrepertoire op teksten van (en geïnspireerd door) Slauerhoff. Hun album komt uit in het voorjaar van 2021 (de 100-jarige verjaardag van de eerste Slauerhoff-publicatie), maar met ‘Geen van Allen Zorgen’ is er nu al een zomers voorproefje. Voor hun liveoptredens krijgen ze versterking van Jan-Sebastiaan De Geyter.

Lês en harkje fierder by NeerlandistiekLês fierder

Teleks: Lida Dykstra bringt lêskoffers op Opsterlânske skoallen

logo.ensafh

Alle 22 basisskoallen yn Opsterlân krije besite fan de Berneboeke-ambassadeur. Dat dy gemeente dêr yn Fryslân de primeur mei hat is te tankjen oan de wurkgroep Schrijvers in school. Dy naam út namme fan de VCSO (feriening fan kristlike skoallen yn Opsterlân) en de stichting Comprix (koepel fan iepenbiere skoallen) it inisjatyf. Mei de besite fan ambasadeur Lida Dykstra krije de skoallen fan de gemeente in Lêskoffer.

Lês fierder by It NijsLês fierder