Teleks: Wer folop aktiviteit yn ’e Skriuwersarke

logo.ensafh

De Skriuwersarke op ’e Feanhoop moast it fanwege it koroanafirus sûnder in offisjeel iepeningsmomint stelle. Mar de earste skriuwers hawwe der al útfanhuze.
Jan Minno Rozendal fan Grins, dy’t promovearje sil op in biografy fan Douwe Kalma (1896-1953), hat der te set west mei de earste haadstikken oer Kalma’s jongesjierren, en Siebren van der Zwaag, dwaande mei in boek oer de skiednis fan de Fryske feehannel en feemerken, skreau in haadstik oer de famylje Pilat, ien fan de grutste feehannelfamyljes yn Fryslân. Van der Zwaag syn mem wie in Pilat en is in efterneef fan de skriuwer en eardere eigner fan de arke Rink van der Velde (1932-2001), waans mem ek in Pilat wie.… Lês fierder

Teleks: Fjirde priuwke fan rôze literatuer

logo.ensafh

It fjirde priuwke fan de bondel Do draachst de leafde oan is yn de rubryk Utljochte op Sirkwy te lêzen. It is in fers fan Sybe Krol. De blomlêzing befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet dêrby net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Uitgevers klagen Internet Archive aan voor auteursrechtenschending

logo.ensafh

Uitgevers hebben de non-profitorganisatie Internet Archive voor auteursrechtenschending aangeklaagd. Hachette, HarperCollins, John Wiley & Sons en Penguin Random House beschuldigen de archiefsite van “piraterij”, omdat het bedrijf via een digitale bibliotheek e-boeken uitleent aan een oneindig aantal personen tegelijk.

Lês fierder by VillamediaLês fierder

Teleks: Fan de 200 miljoen euro ryksjild foar kultuer kriget Fryslân 1,2 persint

logo.ensafh

In bytsje grimmitich. Dat gefoel krige Steatelid Anne Zijlstra (PvdA) doe’t er it jongste advys fan de Raad voor Cultuur ûnder eagen krige. De Raad mei de kommende fjouwer jier twahûndert miljoen oan Rykssubsydzje ferdiele, mei ekstra omtinken foar fernijing en regionale sprieding. Mar hoewol’t sprieding oer de regio it útgongspunt is, kriget Fryslân neat ekstra’s, ta ferbjustering fan Zijlstra.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Nije haadredakteur De Moanne Amarins Geveke ‘Wy moatte ferliede it blêd te lêzen’

logo.ensafh

De Moanne moat minsken ferliede om it blêd te lêzen en it Frysk te brûken, dat seit Amarins Geveke, de nije haadredakteur fan it Fryske tiidskrift. Neffens de eardere direkteur fan de folkshegeskoalle kin dat troch rillevanter te wurden, mar ek troch der wat mear ‘lucht’ yn te bringen.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 12-06-20: Sneak peek Fryske poëzy mei Arjan Hut, Elmar Kuiper en Sigrid Kingma

logo.ensafh

No’t it iepenbiere libben stadichoan wer begjint, organisearret de Westerkerk yn juny ûnder de titel ‘Vrij’ in pear yntime kulturele en literêre freedtejûnen. Leeuwarden City of Literature presintearret op freed 12 juny trije Fryske dichters, dy’t foardrage út nagelnij wurk. Tuskentroch kinst as besiker genietsje fan in ienfâldich, smaaklik miel.

Lês fierder by City of Literature

 … Lês fierder