Teleks : Simmerskema ensafh.nl 2020

logo.ensafh

Bêste lêzer,

yn Juny, July en Augustus sille der net om de trije dagen, mar ien kear yn ‘e wike, op woansdei, nije bydragen pleatst wurde. Ynsidinteel kinne der ek oare (aktuele) bydragen publisearre wurde. It earstfolgjende reguliere artikel ferskynt op 03-06-20.

De nijsfoarsjenning (Nijs en blogs) giet gewoan troch.

Redaksje ensafhLês fierder

Teleks: Stúdzjeseal Tresoar wer iepen fan 2 juny ôf

logo.ensafh

27-05-2020. Foarige wike makken wy it al bekend: ús stúdzjeseal giet wer iepen! Fan 2 juny ôf hite wy dy alle wurkdagen tusken 10.00 en 17.00 oere fan herte wolkom yn ús gebou. Yn dit berjocht ynformearje wy dy oer it meitsjen fan in reservearring, it besjen fan ús útstallingen, it lienen en werombringenfan boeken en de protokollendy’t wy dêrby hantearje.

Sjoch foar mear ynformaasje by TresoarLês fierder

Teleks: Bondel ferskynd oer de takomst fan de frisistyk yn Nederlân

logo.ensafh

Yn 2019 waard yn Ljouwert in konferinsje holden oer de takomst fan de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal- en letterkunde, oftewol de frisistyk. Heech tiid, want it fak stiet al in skoftlang ûnder druk. De goedbesochte gearkomste wie organisearre troch de Stifting Freonen Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins (SFFYRUG), yn ’e mande mei de Fryske Akademy. De lêzingen dy’t op dy gearkomste holden waarden, binne no bondele mei as titel: De takomst fan de frisistyk. Tradysje en fernijing.

Lês fierder by It NijsLês fierder