Teleks: Fryske literatuer kin allinne groeie troch bettere lessen Frysk

logo.ensafh

Yn it ûnderwiis liket it measte te winnen foar de Fryske literatuer. Dat skriuwt Nadia Kreuger, dy’t ûndersyk dien hat nei de skriuwerij yn de Fryske taal. Har ûndersyk stiet beskreaun yn in ôfstudearskripsje foar de masterstúdzje oersetkunde oan de Universiteit fan Amsterdam.

Frou Kreuger hat ûndersocht oft de Fryske literatuer past yn de saneamde polysysteemteory. Dy seit dat in literatuer net ien gehiel is, mar dat er bestiet út allegear lytse dielliteratueren dy’t elk in eigen funksje hawwe yn de maatskippij.

Lês fierder by It Nijs.

Klik hjir foar Nadia Kreuger har skripsje (pdf).… Lês fierder

Teleks: Dichter fan Fryslân skriuwt proazagedichten foar tentoanstelling Fries Museum

logo.ensafh

De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, skreau trije proazagedichten foar de tentoanstelling ‘Oog in oog met de oorlog’ fan it Fries Museum. De fideofoardracht fan de proazagedichten ‘Yllegaal’, ‘Boek’ en ‘Dora’, respektyflik oer syn mem, syn heit en syn buorfrou yn Grins, binne op de webside fan it Fries Museum en hjirûnder werom te sjen.

Sjoch fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Wa skriuwt in essay oer feroarjende tiden?

logo.ensafh

Yn it maaienûmer fan DE NIJE wurde lêzers en oaren frege om yn de foarm fan in wedstriid mei te dwaan oan it skriuwen fan in essay mei as tema ‘Nei 75 jier/feroarjende tiden’. De befrijing is 75 jier lyn. It is net om ’e nocht dat der rom omtinken oan jûn wurdt. Jo hawwe foar sa’n essay in soad mooglikheden. Sa besteane ferskillende ynstânsjes 75 jier. It essay moat skreaun wurde yn it Frysk of ien fan de streektalen.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Oprop ta it skriuwen fan in tige koart ferhaal

logo.ensafh

OPROP TA TIGE KOARTE FERHALEN FOAR DE LANGE KOARTPROAZAJÛN

Der binne al in skoft lûden te hearren yn literêr Fryslân dat Frysk proaza oan ’e krapperein komt mei al dy poadia, kollektiven en projeksjes foar poëzije. Proaza lient him likegoed om foardroegen te wurden, proaza is net allinnich foar ûnder de skimerlampe.
Frysk literêr tydskrift Ensafh hat dy útgjalpen heard en organisearret dêrom de Lange koartproazajûn op 27 novimber 2020 yn De Bogt fen Guné te Frjentsjer.
De redaksje fan Ensafh ropt elkenien op om in koart ferhaal fan net mear as 250 wurden yn te stjoeren.
Skriuwers fan de bêste ferhalen meie dy de jûns foarlêze en de alderbêsten wurde yn it papieren nûmer fan Ensafh publisearre.… Lês fierder