Teleks: It Oardelskonkje – in nije dichtfoarm yn krisistiid

logo.ensafh

Dichter Syds Wiersma soe no troch Ierlân reizgje om dêr in poëzybondel ôf te skriuwen. Mar Ierlân leit op ’t heden fierder fuort as it eilân Itaka. Wy binne reizgers op oardel skonk wurden, tocht Wiersma. Dat brocht him op it idee foar in nije dichtfoarm. Ien dy’t past by de oardelmeter-mienskip dêr’t wy yn bedarre binne. Hjoed wurdt it Oardelskonkje lansearre. Hjirûnder leit Wiersma út hoe’t it wurket.

Lês fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Dichter fan Fryslân live op PodiumTV

logo.ensafh

Tongersdei 14 maaie is Nyk de Vries tegearre mei Piter Wilkens te gast yn ‘Cultuur aan huis’ fan PodiumTV. Nyk draacht fia Skype inkelde gedichten foar. De útstjoering is fanôf 17:00 oere fia telefyzje live te folgjen en ek online fia dvhn.nl en lc.nl. Sjoch foar mear oer it programma ‘Cultuur aan huis’ op www.podium.tv/cultuuraanhuis.

Boarne: Dichter fan FryslânLês fierder

Fryske boeken

logo.ensafh

Op 21 april 2020 ferskynde in kollum fan Aant Mulder op It Nijs oer de top10-list fan Fryske romans ensfh. In moai stik mei wat foarbylden fan in oantal oan te rekommandearjen boeken.

It wie dúdlik in poepetoer om in gaadlike list te finen, want eins steane mar fiif boeken yn de Afûk-top10 dy’t ornearre binne foar folwoeksenen!

Lês fierder by Matthijs Verkuijl op It NijsLês fierder

Teleks: Fryske literatuer troch in rôze bril

logo.ensafh

Do draachst de leafde is de namme fan in publikaasje dêr’t op it stuit drok oan wurke wudt. De blomlêzing befettet fragminten fan poëzy en proaza mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender-tematyk. It giet dêrby net om hoe’t de skriuwer him- of, de skriuwster harsels definiearret, it giet om hoe’t in tekst him lêze lit, om hoe’t de redaksje dy tekst lêzen hat, nammentlik mei de rôze bril op.
Yn de rubryk Utljochte op Sirkwy publisearje wy de kommende moannen (om de twa wiken) priuwkes fan wurk dat yn de blomlêzing opnommen wurdt. Dêrby is it wurk yn it Frysk en Nederlânsk te lêzen (yn de bondel komme ek de oersettingen), en wat koarte ynformaasje oer de skriuwer.… Lês fierder

Teleks: Dichtbondels ek opnommen yn Sirkwy

logo.ensafh

Dichtbondels ek opnommen yn Sirkwy

Op Sirkwy is in begjin makke om ek boekprofilen oan te bieden fan dichtbondels, lykas it wurk fan Elske Kampen, fan it debút Fan glês it brekken (2010) oant en mei de lêsten ferskynde bondel Ntrije55 (2020).
Ek binne al fiif bondels fan Eeltsje Hettinga beskreaun, ûnder oare Akten fan winter, syn debútbondel út 1998.

It is ‘wurk yn útfiering’, dat geandewei komme der mear en mear titels beskikber. By de boekprofilen is koart wat ynformaasje oer de ynhâld, mei – as dy der binne – besprekken of oare stikken. Dêrneist wurdt in link lein nei de biografy fan de skriuwer.… Lês fierder