Teleks: Nij gedicht Dichter fan Fryslân op strannen fan Waadeilannen te lêzen

logo.ensafh

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries hat in nij gedicht makke, oer de coronakrisis. Unyk is dat de tekst op de strannen fan de fjouwer Fryske Waadeilannen skreaun is, en dat de kamera fan ‘Fryslân fan Boppen’ dat filme hat. It gedicht giet oer it isolemint dêr’t in soad minsken no ynsitte. Elkenien fielt him of har, op ferskillende wize, miskien sels wol wat in eilân.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Poëzy foar bewenners fersoargingstehuzen

logo.ensafh

Ljouwert, 24 april 2020 – Hjoed binne by 88 lyts- en grutskalige fersoargingstehuzen rûnom yn de provinsje Fryslân poëzykaarten besoarge foar de goed 5.000 bewenners.

It is in aksje fan Leeuwarden UNESCO City of Literature yn gearwurking mei Dichterskollektyf RIXT. RIXT-dichters Jan Kleefstra, Syds Wiersma, Gerrit de Vries, Froukje Reitsema, Kate Schlingemann, Martsje de Jong, Marije Roorda en Tsjisse Hettema en dichteres Baukje Wytsma hawwe mei-inoar sân Frysktalige en twa Nederlânsktalige gedichten skreaun. Ernst Bruinsma, saaklik lieder Leeuwarden City of Literature: “Mei de aksje wolle wy treast en hope jaan yn dizze – foaral foar âlderen – drege tiid.”

Troch Douwkje Douma fan it projekt Frysk yn de Soarch (Afûk) is der ynventarisearre hokker belangstelling der wie by soarchsintra foar âlderein yn Fryslân.… Lês fierder

Teleks: Fryske Folkshegeskoalle yn swier waar

logo.ensafh

Folkshegeskoalle Schylgeralân (FHS) hat it yn de koroanatiid ekstra dreech. No’t der troch de krisis gjin gasten komme kinne, sjocht it der foar de stichting min út. Direkteur Amarins Geveke is bang dat 2020 as in ferlern jier beskôge wurde moat. Yn in brief oan de gasten, freonen en relaasjes leit se út dat de FHS as ûnôfhinklike ynstelling gjin subsydzje kriget en ôfhinklik is fan omset en fan syn freonen.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Gedicht Dichter fan Fryslân te lêzen fanút de loft

logo.ensafh

Nyk de Vries skreau as Dichter fan Fryslân foar it projekt ‘Fryslân fan Boppen’ in gedicht dat oer de strannen fan de fjouwer Fryske Waadeilannen útskreaun wurde sil. De bewenners fan de Waadeilannen skriuwe op alle fjouwer eilannen in strofe út op it strân.

No freed 24 april is de útstjoering fan ‘Fryslân fan Boppen’ op Omrop Fryslân TV mei dêryn de dronebylden fan de eilannen sadat it gedicht fan boppe te lêzen wêze sil. ‘Fryslân fan Boppen’ wurdt útstjoerd fan 14:00 – 16:00 oere en om 21:30 oere. Fansels binne de bylden ek werom te sjen fia ‘Utstjoering mist’ en de Facebookside fan it projekt Dichter fan Fryslân.… Lês fierder

Teleks: Oant 10 maaie noch ynstjoere foar de Rely

logo.ensafh

Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 10 maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.frl
Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery, besteande út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl. Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.stiftingflmd.frl of skilje mei Antje Postma, tel. 06-53127799.… Lês fierder

Teleks: Alleen steun kan boekhandels redding brengen

logo.ensafh

Bijna de helft van de fysieke boekhandels verwacht binnen een half jaar om te vallen. Dat blijkt uit cijfers die de Koninklijke Boekverkopersbond (KBb) eind vorige week bekendmaakte. Anne Schroën, directeur van de KBb, hield een logboek bij over de afgelopen weken waarin ze de positie van de fysieke boekhandels volgde. Die is „rampzalig”, is haar conclusie, al binnen afzienbare tijd „verdwijnt een op de drie boekhandels”.

Lês fierder by NRCLês fierder

Teleks: Winners skriuwwedstriid oer 75 jier frijheid drage wurk foar

logo.ensafh

Dit jier steane wy stil by de befrijing, 75 jier lyn. Oer it tema ‘75 jier frijheid’ hat Tresoar in skriuwwedstriid organisearre. Seis ynstjoeringen binne bekroand.

De winners binne by de ferhalen binne:
– earste priis foar ‘Oare kant grins’ fan Koos Tiemersma
– twadde priis foar ‘Mei de boat nei Ljouwert’ fan Ludzer van der Schors
– tredde priis foar ‘Wer werom’ fan Jan Minno Rozendal

De winners binne by de gedichten binne:
– earste priis foar ‘de put’ fan Syds Wiersma
– twadde priis foar ‘Neat’ fan Neeltje Terpstra
– tredde priis foar ‘Yn alle talen lyk’ fan Nynke Terpstra

De feestlike priisútrikking, dy’t pland wie foar 17 april, kin fanwegen de coronakrisis net trochgean.… Lês fierder