Teleks: Coronavirus: Chilean writer Luis Sepúlveda dies aged 70

logo.ensafh

Best-selling Chilean writer Luis Sepúlveda has died of Covid-19 in Spain at the age of 70.

He spent six weeks in hospital in Oviedo after developing symptoms following a trip to a literary festival in Portugal.

Sepúlveda became internationally known after the publication of his novel The Old Man Who Read Love Stories in 1988.

A socialist, he was imprisoned in Chile under the military rule of Gen Augusto Pinochet before going into exile.

Lês fierder by de BBCLês fierder

Teleks: Abe de Vries op it matsje roppen troch Friesch Dagblad

logo.ensafh

“Wat sparje se no út mei it op non-aktyf stellen fan ien as Elmar Kuiper?” Dat freget Arjan Hut him ôf op it literêre webstee Fers2. Hut en Kuiper skreaune beide besprekken foar it Frysk Deiblêd. Koartlyn hawwe hja, lykas alle freelance-kultuerferslachjouwers fan Frysk Deiblêd, Ljouwerter Krante, Dagblad van het Noorden en oare Noard-Nederlânske kranten, dien krige. Dat binne neist de neamde twa bygelyks ek Doeke Sijens, Coen Peppelenbos en Cilla Geurtsen. Hja skreaune ûnder oaren resinsjes fan boeken en fan toanielstikken.

Friduwih Riemersma besprekt de kwestje op Fers2 en hja ferwûnderet har deroer dat útjouwer NDC just de kultuermeiwurkers dien jout, dy’t op in jierbudzjet fan hûnder miljoen euro amper wat kostje.… Lês fierder

Teleks: Oprop foar skriuwprojekt ‘1000&1 Nacht’ fan Tryater

logo.ensafh

Bêste skriuwer,

Soesto it folhâlde om tûzen-en-ien nachten efter elkoar ferhalen te betinken en op te skriuwen?

Sa om it begjin fan ús jiertelling hinne ûntsnapte de moaie Sheherazade oan de dea troch tûzen-en-ien nachten in betsjoenend ferhaal oan de kening te fertellen. Dizze prachtige fertellingen foarmje in samling ferhalen út it Midden Easten. Ferhalen fan fier fuort, oer minsken fier fuort…of stean al dy ferhalen miskien just wol tichterby as datst tinke soest?

De foarstelling 1000&1 Nacht, sa as Tryater dat foar eagen hie, sil der net komme. Mar yn dizze spannende tiid – wêryn it wichtich is om sa no en dan te ûntsnappen oan de realiteit troch de rykdom fan de ferbylding op te sykjen – itte we de moedfearren net hingje.… Lês fierder