Josse de Haan

Ynstjoerd: BOEKEWIKE, FLAMINGEN, WADMAN en it FRYSK

logo.ensafh

Mei de panne op it dak kin ik de Nederlânske TV krije – DWDD en OP1 sjoch ik gauris. Op woansdei en tongersdei fyn ik OP1 it nijsgjirrichst, meidat ik de presintatoaren frij goed fyn.
Justerjûn op 5 maart gong it û.o. oer de boekewike fan dit jier.
De geskinkskriuwster Annejet van der Zijl en de direkteur fan de CPNB (Collectieve Propaganda Nederlandse Boek) wiene oanwêzich. Fan Van der Zijl haw ik in pear prachtige boeken lêzen – ‘Sonny Boy’ ‘Bernhard’ en ‘Jagtlust’ bygelyks. Se skriuwt non-fiksje, basearre op wiidweidige dokumintaasje. Dit jier hat se it Nederlânske boekewikegeskink skreaun – ‘Leon en Juliette’.… Lês fierder

Teleks: Toanielstikken mei rol foar âldere akteurs moatte iensumens tsjingean

logo.ensafh

Der is in grut ferlet fan Fryske toanielstikken foar âldere akteurs en aktrises. Stichting Amateurtoneel Fryslân moat skriuwers dêrom finansjeel stypje om mear stikken yn dit sjenre ferskine te litten. Aldere toanielspilers sitte no wurkleas thús, wylst toaniel poer geskikt is om âlderein en jonge minsken op it poadium mei elkoar te ferbinen en sa iensumens tsjin te gean. Mina Woudstra fan Himpens, 74 jier en noch hieltyd aktyf op it toaniel, die dizze oprop woansdei yn IepenUP Live, dat wiidweidich stilstie by it tema ‘iensumens’.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Advyskommisje dr. Obe Postmapriis 2020 beneamd

logo.ensafh

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe yn har gearkomst fan 3 maart 2020 de advyskommisje beneamd foar de dr. Obe Postmapriis 2020. De advyskommisje bestiet út Rein Smilde, Cilla Geurtsen en Cees van Mourik.

De dr. Obe Postmapriis is ornearre foar oersettingen yn en út it Frysk út it tiidrek 2016-2019. De priis is fan de Provinsje Fryslân en de organisaasje is yn hannen fan Tresoar. De priisútrikking is op 22 oktober 2020. De foarrige winner wie Geart Tigchelaar yn 2016 foar syn oersetting Erik of it lyts ynsekteboek fan Godfried Bomans. De priis is neamd nei dichter Obe Postma (1868-1963), dy’t sels oersettingen makke hat út ûnder oare it Dútsk en Amerikaansk.… Lês fierder

Aginda 25-03-20: Lêsber Fryslân on tour ‘Frjentsjer’

logo.ensafh

Theo Kuipers en Doeke Sijens fersoargje dan in ‘publykskolleezje’ yn de (krekt fernijde en weriepene Botniastins) foar de ‘Academie van Franeker’.

Achttiende eeuwse bijnamen van Franekers door Paulus Liger. Waarheid of verzinsel? – Theo Kuipers (Nl)
Wa wie Paulus Liger en wêrtroch is hy bekend bleaun? Wat is de wearde fan syn geskrift mei bynammen fan syn Frjentsjerter mei-boargers? In de koarte bydrage wol Kuipers sjen litte dat bynammen it byld fan it ferline libbener meitsje kinne. Se jouwe kleur en fleur oan it deistich libben, mar jouwe ek ynformaasje oer omgongsfoarmen, wurksumheden en gesachsferhâldings. Foar wa’t der gefoelich foar is, wurde drûge, toarre persoansgegevens trânsfoarmearre ta kleurrike en libbensechte persoanen.… Lês fierder

Teleks: Dichter fan Fryslân yn nij live stream boekeprogramma

logo.ensafh

Op de earste dei fan de Boekewike, no sneon 7 maart om 15:00 oere, begjint de earste ôflevering fan Bomen over Boeken fanút de Bosthalte yn Amstelveen. Nyk de Vries is dêr as Dichter fan Fryslân te gast tegearre mei de skriuwers Eva Vriend, Vanessa Oostijen en Thomas Heerma van Voss. Gert Klück fersoarget de ynterviews. De útstjoering is live fia YouTube te sjen.

Boarne: Dichter fan FryslânLês fierder