Teleks: Winners skriuwwedstriid fan Tresoar binne bekend

logo.ensafh

Winners skriuwwedstriid fan Tresoar binne bekend

Op de skriuwwedstriid fan Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar ‘wat betsjut frijheid foar ús?’ binne 19 gedichten en 9 ferhalen ynstjoerd. Oanlieding om de wedstriid út te skriuwen, is it feit dat 75 jier lyn in ein oan de Twadde Wrâldoarloch kaam.

De sjuery, besteande út Doeke Sijens, Eric Hoekstra en Nienke Jet de Vries, hat de teksten anonym beoardiele.

De winners
By de gedichten hat Syds Wiersma de earste priis wûn mei syn fers ‘de put’. De sjuery seit dêroer:
“It is in gedicht dat sawol tagonklik as fernimstich is. It tema is dat minsken gjin emoasjes talitte omdat emoasjes sear dwaan kinne.”… Lês fierder

Teleks: Hein Jaap Hilarides wint Bildts diktee

logo.ensafh

En op ’e nij hewwe wij ’n ândere winner! Na Femke Keizer, Geke Postma en Andries Hogenhuis waar op dînsdeg 25 febrewary l.l. Hein Jaap Hilarides de beste. Hij had seuven fouten maakt en dat waar ’n hele goeie prestasy. ’n Goeie prestasy omdat elkeneen d’r wel over eens waar dat deuze edisy de meest drege waar fan de fier.

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder

Teleks: ‘Lexicon Frisicum’ tagonklik makke foar de lêzer fan hjoed-de-dei. Ek online beskikber.

logo.ensafh

In lytse 150 jier lyn skreau de bekende Joost Hiddes Halbertsma (1789-1869) de Lexicon Frisicum, in earste besykjen ta in wurdboek fan it eigentiidske Frysk. It wie noch net klear doe’t hy ferstoar, mar syn boek yn it Latyn hat wol tige wichtich west foar de Fryske taal. Taalkundige Anne Dykstra fan Akkrum hat it boek no oerset, sa’t it wichtige boek foar in gruttere groep minsken te lêzen is.

Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân 

It ‘Lexicon Frisicum is ek online beskikber: http://lexiconfrisicum.ivdnt.org/Lês fierder

Aginda 12-03-20: Sympoasium Fries Biografie Instituut

logo.ensafh

Sympoasium Fries Biografie Instituut

Op tongersdei 12 maart presintearje it Biografie Instituut fan de Rijksuniversiteit Groningen, it Histoarysk Sintrum Ljouwert, Tresoar en útjouwerij Bornmeer it Fries Biografie Instituut.

​Op ferskate wizen wol it Fries Biografie Instituut it meitsjen fan goede biografyen stimulearje. In goede biografy tekenet it ferhaal fan de persoan yn it perspektyf fan de tiid. Net allinne binne de jiertallen fan belang, mar ek de betsjutting foar de mienskip, de wrâld dêr’t de persoan yn libbe. In goede biografy is in biografy dy’t de lêzer yn de besnijing hâldt, mar net tajout oan popularisearring. Troch te ynfintarisearjen, te stimulearjen en troch stipe te jaan yn redaksjonele en finânsjele kwesjes, anneks mei in publikaasje, wolle wy de kennis oer Fryslân en oan Fryslân ferbûne persoanen ferrykje en fergrutsje.… Lês fierder

Teleks: Ferklearring Tsead Bruinja nei oanlieding fan dokumintêre ‘It Wurd Wat’

logo.ensafh

Aanvulling op wat ik heb gezegd in de documentaire ‘It Wurd Wat’ (Omrop Fryslân)

In de documentaire van Omrop Fryslân, die afgelopen zondag werd uitgezonden, zeg ik dat alles in Friesland in het Fries moet en dat ik hoop dat de volgende Dichter fan Fryslân een dichter zal zijn die in een andere taal schrijft. Bij sommige mensen is dat kwetsend overgekomen. Zij werden boos of verdrietig en ik begrijp dat nu. Met mijn opmerkingen heb ik geen aandacht gegeven aan de bedreigde positie van het Fries of het feit dat positieve discriminatie van die taal in sommige gevallen nodig is om bij te dragen aan de overlevingskansen van de taal.… Lês fierder

Teleks: Oprop 3e Dei fan ‘e Fryske Letterkunde

logo.ensafh

3e Dei fan ‘e Fryske Letterkunde

Yn 2020 wurdt betocht dat it 75 jier ferlyn is dat Fryslân befrijd waard. Sadwaande organisearje Tresoar en de Fryske Akademy in kongres oer it tema Befrijing yn ’e Fryske Literatuer. It kongres wurdt op freed 6 novimber 2020 holden by Tresoar yn Ljouwert, de stêd dy’t sûnt dit jier de titel UNESCO City of Literature hat.

De fiertalen binne Nederlânsk, Frysk, Dútsk en Ingelsk.

It leafst ûntfange wy útstellen dy’t passe by it tema, mar oare nijsgjirrige útstellen binne ek wolkom.

Lês fierder by NeerlandistiekLês fierder