Teleks: Undúdlikens oer takomst wittenskipsblêd ‘It Beaken’ fan de Fryske Akademy

logo.ensafh

Der is ûndúdlikens oer de takomst fan it wittenskiplik tiidskrift It Beaken fan de Fryske Akademy. It blêd dat al sûnt 1938 bestiet soe mooglik nei 81 jiergongen ophâlde moatte. Dat seit alteast einredakteur Beart Oosterhaven. Direkteur Willem Smink ûntkent lykwols it ferdwinen fan it blêd, mar jout wol oan dat sjoen wurdt nei hoe’t it mooglik oars oanpakt wurde kin as no.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: No ek omtinken foar berneboeken op Sirkwy

logo.ensafh

Op Sirkwy is in begjin makke om ek boekprofilen oan te bieden fan berneboeken. De nominearren fan de Simke Kloostermanpriis 2019 binne as earste oan bar. De boeken fan 2016 steane der al yn, lykas Lytse Protter fan Baukje Wytsma en Siem en Sanne sjogge Sint Piter fan Hendrika Vis-de Ruiter. Ek It deiboek fan Janny van der Molen út 2019 stiet al beskreaun. It is ‘wurk yn útfiering’, dat geandewei komme der mear en mear titels beskikber.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Lubbert Jan de Vries

Playlist ‘Eigentrieds’ gearstald troch Lubbert Jan de Vries

logo.ensafh

Op 08-02-20 waard op de Grutte Gedichtejûn de blomlêzing Eigentrieds, gearstald en oerset troch Lubbert Jan de Vries, presintearre. Eigentrieds is in samling ‘Amerikaanske ‘ûnhillige’ en ‘net-autentike’ outlaw – en beatpoëzij’ yn Fryske oersetting.

De Vries hat spesjaal foar ensafh in playlist by de bondel makke. In soad wille tawinske!

Playlist ‘Eigentrieds’ gearstald troch Lubbert Jan de Vries

S.A. Griffin

https://www.youtube.com/watch?v=r-U6dXK4Mig

Walt Whitman

https://soundcloud.com/neelybrucemusic/sets/the-barbecue-divertimento-by

https://www.youtube.com/watch?v=0kTfBAqrw3s

Marianne Moore

https://www.youtube.com/watch?v=tpEAFtKpA0k

William Carlos Williams

https://www.youtube.com/watch?v=qbA7-We6KO8

Charles Olson

https://www.youtube.com/watch?v=RFenIf_SIzc

Alan Ginsberg

https://www.youtube.com/playlist?list=OLAK5uy_lMFawm87MKGq47Zg9D7abBKUIsZdZKTFU

Jack Spicer

https://www.youtube.com/watch?v=mOgOcxQxshE

https://www.youtube.com/watch?v=v3019HUyoKQ

Jack Micheline

https://www.youtube.com/watch?v=7qAD5oIqyis

Gregory Corso

https://www.youtube.com/watch?v=4lmOiZHO6uM&list=PLO0tmcN8KXaxrt1fxDpleLixrW7FzK4Gd&index=1

Diane Di Prima

https://www.youtube.com/watch?v=7wzR_BVFsUU

Amiri Baraka

https://www.youtube.com/watch?v=L1JzXdWoAQI

Lês fierder

Teleks: Dokumintêre ‘It Wurd Wat’ Fryslân DOK

logo.ensafh

Mei literêre inisjativen as in nij dichterskollektyf, de Dichter fan Fryslân, in Fryske Dichter des Vaderlands en it útroppen fan Ljouwert ta Europeeske ‘City of Literature’ liket it wol as baarnt der in nij poëtysk fjoer yn ‘e provinsje. Yn de dokumintêre ‘It Wurd Wat’ nimt Fryslân DOK de temperatuer op fan it dichtersklimaat.

Poëzy is in belangrike pylder fan in libbene taal en in bloeiende kultuer. Dochs ferkeapet in goeie dichter op syn heechst in pear hûndert eksimplaren fan syn nijste bondel. Moat in dichter op syk nei oare manieren om syn wurdkeunst oan de man te bringen?

Lês fierder by Omrop Fryslân,

De dokumintêre wurdt útstjoerd op:

22 febrewaris, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling snein 13.10 oere)
23 febrewaris, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)… Lês fierder

Teleks: Hichtepunten út de Fryske literatuer yn boekfoarm

logo.ensafh

Utjouwerij Het Nieuwe Kanaal hat it inisjatyf naam foar in bysûnder boekprojekt: De bêste Fryske ferhalen fan de 20e en 21e iuw.

Foar dy útjefte, dy’t útsein yn it Frysk ek yn it Nederlânsk ferskynt, wurde de ferhalen keazen troch in tiim fan literatuerkenners, foarme troch Jetske Bilker, Eric Hoekstra, Goffe Jensma, Jelle van der Meulen en Abe de Vries.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Aginda 26-02-20: Presintaasje Fryske oersetting Lexicon Frisicum

logo.ensafh

Woansdei 26 febrewaris 2020 wurdt de Fryske oersetting fan it Lexicon Frisicum presintearre op it provinsjehûs yn Ljouwert. Belangstellenden wurde fan herten útnûge dêrby oanwêzich te wêzen.

It Lexicon Frisicum fan Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) kin sjoen wurde as it begjin fan de leksikografy fan it moderne Frysk. It lexicon hat úteinlik laat ta it wittenskiplike Wurdboek fan de Fryske taal (1984-2011) en alderhande oare wurdboeken dy’t by de Fryske Akademy ferskynd binne. It Lexicon Frisicum (1872) is skreaun yn it Latyn en is dêrom net hiel tagonklik. Lykwols is it wurdboek tige nijsgjirrich foar de (ynternasjonale) stúdzje nei de Europeeske 19de-iuwske leksikografy, dy’t sterk troch de Romantyk beynfloede is.… Lês fierder