Teleks: Kursus Koartproaza

logo.ensafh

Skriuwe, hoefolle minsken tinke der net oer om dat ris te dwaan? Mar hoe? Wat binne de falkûlen, hoe kinne lêzers yn in ferhaal lutsen wurde, hoe wurket taal? Dat (en mear) komt oan ’e oarder yn in koarte kursus fan trije jûnen.

De kursus giet foarôf oan in skriuwwedstriid en in jûn op 27 novimber 2020. Wedstriid en jûn stean yn it teken fan koartproaza en wurde organisearre troch ensafh. Kursisten, dy’t dat wolle, kinne harren ferhaal ynstjoere, dat dan hifke wurdt troch in sjuery. Sa tingje hja nei in plakje op it poadium en in publikaasje yn Frysk literêr tydskrift ensafh.… Lês fierder

Aginda 07-03-20: Annejet van der Zijl spesjale gast op literêre jûn yn Ljouwert

logo.ensafh

Bestsellerauteur en skriuwer fan it nasjonale Boekewikegeskink Annejet van der Zijl is dit jier de spesjale gast op de literêre jûn yn Ljouwert op sneon 7 maart. Oanlieding foar har komst is de start fan de Boekewike én it ferskinen fan de Fryske oersetting fan ‘har’ Boekewikegeskink Leon & Juliette. Njonken Van der Zijl is dêrom ek oersetter Baukje Zijlstra ien fan de haadgasten.

Sjoch foar mear ynformaasje by Boeken fan FryslânLês fierder

Teleks: KfdK Arno Brok nimt printeboek Kening & Kening yn ûntfangst op Falentynsdei

logo.ensafh

RIXT-dichters Kate Schlingemann en Jetze de Vries sitte freedtemiddei op Falentynsdei klear om minsken te helpen by it skriuwen fan in leafdesgedicht. Se dogge dat yn de Afûkwinkel tusken 16.00-17.30 oere. Dêr fynt om 16.00 oere de oanbieding plak fan it printeboek Kening & Kening oan de Fryske Kommissaris fan de Kening Arno Brok. It giet om in werútjefte. Tweintich jier lyn waard Kening & Kening fan de makkers Linda de Haan en Stern Nijland foar it earst útjûn. It boek is dêrnei al yn tolve talen ferskynd.

Lês fierder by RIXTLês fierder

Teleks: JanMurk yn tydskrift ‘Hjir’, de foarrinner fan ensafh

logo.ensafh

Yn in spesjaal nûmer fan literêr tydskrift Hjir út 1979 binne tekeningen fan JanMurk de Vries opnommen, dy’t er makke hat by in gedicht fan Sybe Krol. It nûmer hyt ‘Tekenjend’ en D.A. Tamminga jout yn in ynlieding in koarte omskriuwing fan JanMurk syn libben en wurk. Tamminga skriuwt dat men yn syn wurk gauris it protest priuwt, ‘… de opstelling fan de hjoeddeiske minske, dy’t mei syn lyryske ynslach en syn kosmysk rjochte visy de forskynsels dy’t mei ús moderne technologyske sivilisaesje anneks binne op ûndûbelsinnige wize to liif giet.’ Sjoch foar mear ynfo oer dat spesjale nûmer yn de bydrage ‘JanMurk yn tydskrift Hjir’.… Lês fierder

Teleks: Jongereinboek ‘Tsjilp’ nominearre foar IBBY

logo.ensafh

Tsjilp, in jongereinboek mei 26 gedichten oer 26 fûgels dy’t in ridlik soad foarkomme yn ús provinsje, stipe troch kleurrike linoleum-printen. Earder al nominearre foar de Simke Kloostermanpriis en no komt it Fryske boek yn ’e beneaming foar in IBBY-award, in Europeeske priis foar jongereinliteratuer. Benijd nei Tsjilp? It Fryske Gea jout in stikmannich eksimplaren wei. Besjoch de winaksje.

Lês fierder by It NijsLês fierder