Teleks: Bernard Smilde Priis 2020

logo.ensafh

De Stifting Krúspunt ropt alle dichters yn Fryslân op om in tekst yn te stjoeren foar de Bernard Smilde Priis 2020. Mei dy priis wol Krúspunt stimulearje dat der nije tsjerkelieten yn it Frysk of ien fan ’e Fryske streektalen ûntsteane. De priis is foar orizjinele lietteksten en foar oersettingen fan lietteksten út in oare taal wei.

Ferline jier wie de priis foar Cees Glashouwer út Harns, mei in Hylper oersetting fan ’e Lofsang fan Marije. Dit jier wurdt in liet frege oer of nei oanlieding fan it tema ‘frede’. De uterste ynstjoerdatum is 14 maart 2020; de priis sil útrikt wurde op de Krúspuntdei fan 18 april 2020.… Lês fierder

Teleks: It stellen Gerben Rypma-tsjirkje is ynienen wer opdûkt yn Aldegea

logo.ensafh

It byldsje fan in tsjirk dat ta neitins oan skilder en dichter Gerben Rypma yn Aldegea (SWF) stie en dat der ôfrûne wike weihelle is, is ynienen werom. Bestjoerslid Ida Feenstra wie nei it Brekkenpaad ta gien om in boerd op te hingjen om út te lizzen dat it keunstwurk ferdwûn wie. Mar doe’t sy dêr kaam, stie de tsjirk wer op de sokkel.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Feestlike ynstallaasje fan Lida Dykstra as Berneboeke-ambassadeur

logo.ensafh

Lida Dykstra sil woansdei 22 jannewaris feestlik ynstallearre wurde as Berneboeke-ambassadeur. It feest fan takom wike is it offisjele startsein foar Lida Dykstra as Bernboeke-ambassadeur fan Fryslân.

Lida Dykstra (foto: Barbara van Rijn/Bluet Foto)

De kommende twa jier sil sy de promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal in gesicht jaan. Op School Loevestein op ’e Gordyk sil wethâlder Libbe de Vries yn it bywêzen fan alle learlingen de amtsketting by Lida om ’e nekke hingje, it teken dat sy offisjeel yn tsjinst is as Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Aginda 31-01-20: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder