Aginda 23-01-20: Dichter fan Fryslân yn Drachten

logo.ensafh

De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, presintearret in jûn yn it Wâldfrysk, mei gedichten, ferhalen en muzyk. Der binne ek optredens troch Johan Veenstra, dy’t fertelle sil yn it Stellingwarfs, en Hein Jaap Hilarides, dy’t it Biltsk brûkt. Sy sille de ferskillen fan dy taalfarianten hearre litte en fertelle oer de komôf.

De jûn is yn De Lawei te Drachten en begjint om 19:30 oere. Kaarten binne te krijen by De Lawei.
De foarstelling wurdt mei mooglik makke troch Tresoar.

Boarne: SirkwyLês fierder

Teleks: Nije Fryske bibeloersetting yn tarieding

logo.ensafh

Freedtemiddei 17 jannewaris hâldt de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE) in stúdzjegearkomste yn Frjentsjer as tarieing op in nije Fryske bibeloersetting.
It taalgebrûk is yn de lêste tritich, fjirtich jier sa bot feroare dat de YKFE fan betinken is dat de lêste oersetting – út 1978 – net mear fan dizze tiid is.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Aginda 30-01-20: Gedichte-aven in St.-Anne

logo.ensafh

Altyd op ’e lêste donderdeg fan jannewary fynt in de bibliotheek fan St.-Anne de gedichte-aven plak. Hieran doen elk jaar altiten ’n prot mînsen met.

Dut jaar is de gedichte-avend op donderdeg 30 jannewary en begint om 19.30 uur. Faste deelnimmers en besoekers binne wonnen dat Jan Faber en Frootje de Weert deuze aven organisere, want per slot fan reken hewwe se dut jaren deen. Maar baidegaar hewwe angeven dat se na soafeul jaar hiermet stoppe. Fan dut plak ôf wille wij hur och soa bedanke. Nou organiseert de ôfdeling Taal fan Bildts Aigene de gedichte-aven. Maar… Jan Faber is niet ferloren gaan, want Jan is beraid fonnen om de presintasy weer op him te nimmen!… Lês fierder

Teleks: Rimmer Mulder wol dat Friezen by Puigdemont út ‘e buert bliuwe

logo.ensafh

Yn in Hollânsktalich stik yn ‘e Ljouwerter Krante fan freed skriuwt Rimmer Mulder dat Friezen better wat ôfstân nimme kinne fan de Katalaanske presidint Carles Puigdemont. Dat docht de âld-haadredakteur nei oanlieding fan in oprop fan FNP-foaroanfrou Corlienke de Jong om derby te wêzen as Puigdemont yn febrewaris troch bemiddeling fan har partij yn Fryslân is om mei te dwaan oan in fraachpetear mei IepenUP.

Lês fierder by It NijsLês fierder