Teleks: Earste moannegedicht fan Elmar Kuiper op RIXT

logo.ensafh

Elmar Kuiper is RIXT-dichter fan de moanne jannewaris. Yn novimber 2019 skreau er de gedichterige ‘Mem Ganges’ yn Kolkata (Calcutta), dêr’t er in optreden hie op de Chair Poetry Evenings.

Pleatst op 12 jannewaris 2020
Mem Ganges

Elmar Kuiper is RIXT-dichter fan de moanne jannewaris. Yn novimber 2019 skreau er de gedichterige ‘Mem Ganges’ yn Kolkata (Calcutta), dêr’t er in optreden hie op de Chair Poetry Evenings. Op de lêste dei fan it poëzyfestival makken hy en guon kollega-dichters mei in plezierboat in lange tocht oer de Ganges. Kuiper: ‘Ik stoarre yn it wetter en moast tinke oan mem, dy’t fan ’t simmer slim siik wie.… Lês fierder

Teleks: Harkspul De sulveren rinkelbel

logo.ensafh

De studinten fan de learare-oplieding Frysk oan de NHL/Stenden Hegeskoalle hawwe har de ôfrûne tiid ferdjippe yn Waling Dykstra en syn wurk. Sa hawwe sy de útstalling yn Obe besjoen en dêrnei te set west mei De sulveren rinkelbel. Dat boek fan Dykstra út 1856 hat as ynspiraasje tsjinne foar in harkspul, dêr’t Waling-om ta libben brocht wurdt. In part út De sulveren rinkelbel wurdt sadwaande op in nije wize ferteld. Yn it digitale dossier oer Waling Dykstra is it filmke te finen by ‘Harkspul De sulveren rinkelbel’.

Lês, sjoch en harkje fierder by Sirkwy

Opmerking redaksje: it harkspul De sulveren rinkelbel is earder al, op 18-12-2019, op it Youtubekanaal fan ensafh publisearre.Lês fierder

Teleks: Blog Cornelis van der Wal ‘De ein fan Fers2?’

logo.ensafh

Ornaris wurdt it *kuch* literêre tydskrift Fers2 om ‘e 14 dagen ferfarske, mar it lêste berjocht is fan 15-12-2019. Op ‘e side stiet: ‘Fers2 komt om ’e fjirtjin dagen op it ynternet út as Fers2.eu. Fers2 hat gjin paywall: alle stikken binne frij tagonklik.’ Soe dit de ein wêze fan in tydskrift dat neist in strieminne foarmjouwing ek in betiden frijwol ûnlêsbere ynhâld hie?

Lês fierder by Cornelis van der WalLês fierder