Teleks: petear mei Tsead Bruinja

logo.ensafh

Dichtsje yn ien adem, yn de toan fan it momint

2019 wie foar Tsead Bruinja (45) yn in soad opsichten ien fan nije begjinnen. Net allinne folge hy Ester Naomi Perquin op as Dichter des Vaderlands, hy tekene ek by in nije útjouwer, en brocht dêr in ambisjeuze nije bondel út. ,,As Dichter des Vaderlands bist altyd alert”, seit er. ,,Dy ferantwurdlikhied fernim ik wol.”

Lês fierder by Arjan Hut op it Friesch DagbladLês fierder

Teleks: Boekekast #14 ‘Hierbak’ fan Sietse de Vries

logo.ensafh

Harkesto graach nei Fryske ferhalen? Dan hawwe wy goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze fjirtjinde Boekekast kinst harkje nei in fragmint út ‘Hierbak’ fan Sietse de Vries. Sietse de Vries lêst foar út syn eigen boek.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 27-12-19: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder