Teleks: Nij fers Dichter fan Fryslân Nyk de Vries ‘Hoe komt it moarn?’

logo.ensafh

 

 

De sjauffeur begrypt har wol. De krystfilms sitte der fol
mei, syn bussen likegoed – minsken dy’t it leafst de
feestdagen foarbyride.

Sy kin it net ferneare. Hyperkrigel wurdt se derfan – it
moaiwaar spyljen, it wagen fan ‘e wurden om ‘e saak
feestlik te hâlden, om âld sear yn ‘e kast te litten.

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Kursussen Tresoar

logo.ensafh

Kursus Proaza skriuwen foar bern

Woest altyd al ris in berneferhaal skriuwe? Of miskien in berneboek?
Liket it dy moai om dyn fantasije oan it wurk te setten?
Mar hoe dochst dat? Hoe fier rikt dyn ferbylding?
Hoe witst oft it geskikt is foar bern?
Hoe skriuwst spannend of grappich of libbensecht?
Wat wurket foar dy en wat perfoarst net?

Sit hjir in fraach (of mear) fan dy by?
Dan fersoarget berneboekeskriuwster Hanneke de Jong (www.hannekedejong.frl) in geskikte basiskursus foar dy.
In leechdrompelige kursus fan fjouwer jûnen om te ûntdekken wêr’tst goed yn bist, wat better kin en wat dyn mooglikheden binne.… Lês fierder

Teleks: Oprop foar de skriuwersarke

logo.ensafh

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.
Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle.… Lês fierder