Teleks: ‘Poetic Potatoes’ krijt Piter Jellespriis foar de Letterkunde

logo.ensafh

It dichterlik útwikselingsprojekt Poetic Potatoes hat de Piter Jellespriis foar de Letterkunde wûn. Dit projekt hearde ek by Kulturele Haadstêd 2018 en binnen Poetic Potatoes binne der fjouwer jier gedichten útwiksele tusken Fryslân en Malta. Dat hat in dichtbondel fan 80 gedichten opsmiten.
De Piter Jellespriis foar de Letterkunde giet nei Poetic Potatoes – Foto: Gemeente Leeuwarden

De literêre priis is moandei troch wethâlder Sjoerd Feitsma oan de minsken fan Stichting De Bildtse Aardappelweken jûn. De sjuery bestie út Goffe Jensma, Kirsten van Santen en Coen Peppelenbos.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Petear mei Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

By foardrachten is de spanningsbôge fan tsien minuten al lang. Myn gedichten fan hûndert wurden bin ek nochris tige ferstanlik; jo moatte echt jo oandacht derby hâlde om se te begripen. Ofwikseljend mei oare eleminten wurdt it mear in foarstelling. En dan is der ek romte foar stikjes poëzij dêr’tst bêst even by fierder mimerje of weidreame kinst.”

Lês fierder by it Friesch DagbladLês fierder

Teleks: Boekekast #11 ‘Heech Tymo, sjoch omheech’ fan Koos Tiemersma

logo.ensafh

Tymo syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei te luilakjen op de bank dêr’t Tymo sa graach op sitte mei om te gamen. Dêrom wol Tymo dy nije flam fan syn mem sa gau mooglik ta de doar út hawwe. Tagelyk wurdt it no echt tiid dat se in leukere freon fynt, tinkt er. Mar hoe moat er dat oanpakke? En dan komt der in nij jonkje by Tymo yn de groep. Dy’t in hiel spannende Heit Sûnder Frou hat, in echte keunster dy’t bylden sa grut as in reus makket.… Lês fierder

Teleks: Taspraak Pieter de Groot ‘By de 100ste bertedei fan Anne Wadman’

logo.ensafh

Alle lof foar soan Thys dat er op it idee kommen is fan dit skriuwersprinte- anneks tinkboek en foar de Afûk, dy’t fuort ree wie en jou it út, tsien jier neidat de Friese Pers Boekerij syn oarlochsomnibus útjûn hat, de werútjefte fan trije romans yn ien bân. In jier letter, yn 2010, kaam ûnder it motto ‘Fryslân lêst syn toppers’ De smearlappen wer foar it ljocht, in presintsje fan de bibleteken.

Lês fierder by de MoanneLês fierder