Teleks: Noch trije kânshawwers foar Piter Jellespriis foar de Letteren

logo.ensafh

Der binne noch trije kandidaten oer dy’t dit jier kâns meitsje op de literêre Piter Jellespriis. It giet om dichteres Elske Kampen, it poëzyprojekt Poetic Potatoes en skriuwster Jannie Regnerus. De priis wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt oan in persoan of projekt dy’t in bydrage leveret oan de Fryske of Nederlânske taal.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Kultuernota Nij Poadium, 145 miljoen foar kultuer, taal en erfgoed

logo.ensafh

It provinsjebestjoer wol sa’n 145 miljoen euro beskikber stelle foar de Fryske kultuer. Dat ha Deputearre Steaten tiisdei bekend makke yn de kultuernota Nij Poadium, dy’t giet oer de jierren 2021 oant 2024. Yn dat plan stiet wat de provinsje dwaan wol op it mêd fan keunst, kultuer, taal, ûnderwiis en erfgoed.

Poepjes wol ek dat der mear dien wurdt oan Fryske en meartalige poëzy. Dat past neffens har by it feit dat Ljouwert de titel City of Literature krigen hat.

Lês en harkje fierder by Omrop Fryslân

Klik hjir foar de nije kultuernota (pdf) ‘Nij Poadium’ wie (noch) net yn it Frysk beskikber.… Lês fierder

Aginda 29-11-19: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Teleks: Fryslân wit de bibleteek goed te finen

logo.ensafh

Lanlik sjoen binne der hieltyd minder minsken lid fan in bibleteek, mar yn Fryslân is it byld krekt oarsom. Dat hieltyd mear minsken de bibleteek goed witte te finen hat neffens it CBS te krijen mei in taname fan it tal jeugdleden, mar ek nije abonneminten. Dit past by de ferskowing fan de klassike bibleteek nei de mienskiplike bibleteek.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder