Teleks: Nominaasjes Piter Jellespriis 2019: in miskleun

logo.ensafh

De biografy ‘Triomfen en tragedies van een uitmiddelpuntig man. Joost Halbertsma 1789-1869′ fan kultuerhistoarikus en letterkundige Alpita de Jong krige it ôfrûne jier loovjende resinsjes: in fiifstjerreresinsje yn NRC-Handelsblad, lof en hulde yn Trouw en op Biografieportaal. Soartgelikense lofprizings by literatuerresinsint Jelle van der Meulen. Dochs krige de biografy dit jier gjin nominaasje foar de Piter Jelles-priis fan de gemeente Ljouwert.

Lês fierder by Eeltsje Hettinga op It NijsLês fierder

Aginda 15-11-19: Presintaasje oersetting ‘De bruorren Liuwehert’

logo.ensafh

Op freedtejûn 15 novimber presintearret Utjouwerij Regaad syn nijste boek: Astrid Lindgren’s klassike berneboek De bruorren Liuwehert. It tiidleaze fantasyferhaal fan de wrâldferneamde Sweedske skriuwster, no yn in nagelnije Fryske oersetting fan Rymke Zijlstra en mei bysûndere yllustraasjes fan Kim Hunnersen.

De presintaasje fynt plak yn de Skierstins te Feanwâlden, mei in gastoptreden fan skriuwer Willem Schoorstra, dy’t yn it Frysk foardrage sil út de Aldnoarske Edda. Fantasyrike muzyk wurdt fersoarge troch de band Kapriol’! Fierder is de hiele Skierstins spesjaal foar dizze gelegenheid iepen foar besichtiging.

De doarren gean iepen om 19.45 oere, it programma set om 20.00 oere útein.… Lês fierder

Teleks: Finale Ferkiezing Dichter Fan Fryslân

logo.ensafh

Op 21-11-19 wurdt de nije Dichter fan Fryslân bekend makke, hy/sy wurdt keazen troch in sjuery, sjoch hjir.

Ensafh hat in poll online setten, sadat jo gebrûk meitsje kinne fan jo demokratysk rjocht, wat dizze wichtige ferkiezing oanbelanget. De poll stiet rjochts ûnderoan op ‘e side.

It is no tiid foar de Finale. Der binne acht dichters oerbleaun. Sy krigen trije as mear stimmen, mar begjinne no wer mei nul.

Stiet jo favorite dichter net op ‘e list? Oare kear better.

Ut namme fan de redaksje: Cornelis van der Wal.… Lês fierder

Teleks: ‘Histobios’ fan it Frysk Film Argyf fertoant û.o. film fan Pieter Verhoeff oer Trinus Riemersma

logo.ensafh

‘Absolute aanrader is het spraakmakende portret dat Verhoeff in 1968 voor de IKOR maakte over de Friese schrijver Trinus Riemersma (foto). Riemersma was onderwijzer in het dorpje Gau en kwam door zijn roman Minskrotten-Rotminsken (vert. De verwoesting van Leeuwarden) in conflict met het schoolbestuur en een deel van zijn dorpsgenoten. Van woensdag t/m zondag is deze docu om 11.00 uur te zien.’

Sjoch foar it programma fan de Histobios by it Frysk Film ArgyfLês fierder