Aginda 16-11-19: Utrikking Gysbert Japicxpriis 2019

logo.ensafh

Op sneon 16 novimber krijt Aggie van der Meer de Gysbert Japicxpriis foar har folsleine wurk, út hannen fan deputearre Sietske Poepjes. Jo wurde fan herte útnûge om de priisútrikking by te wenjen yn de Martinitsjerke yn Boalsert. De priisútrikking begjint om 15:00 oere. Ynrin fan 14:15 oere ôf. Nei ôfrin is der yn hotel De Wijnberg gelegenheid om de priiswinner te lokwinskjen.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: In nij Frysk Biografysk Ynstitút moat Fryske libbensferhalen fuortbringe

logo.ensafh

Der moat in Frysk Biografysk Ynstitút komme. Dat is alteast it plan fan Tresoar, Historisch Centrum Leeuwarden, it Biografie Instituut fan Ryksuniversiteit Grins en útjouwerij Bornmeer-Noordboek. Om sa’n ynstitút op te rjochtsjen wolle sy in gearwurkingsferbân oprjochte, foarearst ûnder superfyzje fan it Biografie Instituut. Doel: it finansierjen en begelieden fan biografyen fan Friezen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Alve kânshawwers foar literêre Piter Jellespriis 2019

logo.ensafh

Alve kandidaten meitsje dit jier kâns op de literêre Piter Jellespriis. Dy ûnderskieding wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt, oan in persoan of projekt dy’t in bydrage leveret oan de Fryske of Nederlânske taal.

De nominearren binne:

Tsead Bruinja, Kapstôk: gedichten (2018);
Josse de Haan, Reade snie en swarte hagelstiennen: novelle (2016);
Elske Kampen, Ynbyld: gedichten (2017);
Sipke de Schiffart, Oan dy tinke leafdesgedichten dy ‘t it bestean wat lichter meitsje (2017);
Jannie Regnerus, Nachtschrijver: roman (2017);
Collectief Heksenhamer, diverse theater- en liedteksten;
Willem Schoorstra, De nacht fan Mare (2017);
Janneke Spoelstra, De parallaks (2019);
Project Poetic Potatoes.… Lês fierder

Aginda 17-11-19: Noflike middei mei Grytsje Kingma en Johan Veenstra

logo.ensafh

Op sneintemiddei 17 novimber fan 14.00 oere ôf sille sjongeres Grytsje Kingma en ferteller Johan Veenstra tegearre in noflike middei fersoargje yn de Kleastertsjerke fan Koartehimmen (ûnder Drachten). Veenstra syn ‘Stellingwarver verhaelen’ wurde ôfwiksele mei lieten fan Kingma. Hja hawwe in ôfwikseljend en moai oanslutend programma gearstald.

Sjoch foar mear ynformaasje by It NijsLês fierder

Teleks: Bildtse-Kultuurpriis foor ‘Even Bildts’

logo.ensafh

Sont 1986 wort de Bildtse-Kultuurpriis útraikt en deuze priis is in al die jaren útgroeid ant ’n belangrike priis op ’t Bildt.

Elk jaar buugt de sjury him over de inkommende nominasys fan ’t jaar, maar ok die fan de jaren derfoor worre metnommen. Ant eandsybeslút komt d’r dan ’n persoan of groep út die’t dat jaar de Bildtse-Kultuurpriis krijt.

De Bildtse-Kultuurpriis 2019 is toekind an ’t radioprogramma ‘Even Bildts’ fan radio ‘Eenhoorn’.

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder