Teleks: Ljouwert wurdt literatuerstêd

logo.ensafh

Ljouwert heart tenei by in groep fan tritich stêden dy’t harsels ‘UNESCO-literatuerstêd’ neame meie. De UNESCO is in organisaasje fan ‘e Feriene Naasjes dy’t him dwaande hâldt mei ûnderwiis, kultuer en wittenskip. De organisaasje hat besletten en foegje Ljouwert oan ‘e list ta, om’t dy stêd in soad oan literatuer docht. Yn Nederlân is Utert ek in UNESCO-literatuerstêd. Yn Dútslân heart Heidelberg by de kultuerstêden.

De literatuerstêden moatte mei-inoar in netwurk foarmje, dêr’t se kennis en literatuer yn útwikselje. Se foarmje ek in ûnderdiel wat it netwurk fan kreätive stêden fan ‘e UNESCO. Dêr sitte neist literatuerstêden bygelyks ek muzyk- en filmstêden yn.… Lês fierder

Teleks: Masters fan it Proazagedicht treffe mekoar yn Ljouwert

logo.ensafh

“Ik skriuw noait gedichten dy’t oer dingen geane,” seit de Deen Carsten René Nielsen (1966) yn De Basuin op in flinke stienwurp fan it stasjon yn Ljouwert. It petear giet oer dichters yn tsjinst, Nielsen fynt it in bysûnder fenomeen dat der yn Nederlân stedsdichters binne en in Dichter des Vaderlands. Hy soe soks sels net dwaan, yn opdracht wurkje.

Lês fierder by de MoanneLês fierder

Aginda 10-11-19: Presintaasje Lêsber Fryslân

logo.ensafh

Tresoar nûget jo út foar de presintaasje fan Lêsber Fryslân/ Leesbaar Friesland op snein 10 novimber, fan 14:30 oere ôf.

De kleurrike literêr-geografyske kaart fan de provinsje Fryslân en de stêd Ljouwert dêr’t hûnderten Fryske, Nederlânske en ynternasjonale skriuwers har spoaren op achterlitten ha is klear! Graach wolle wy it momint fan ûntbleating mei jo fiere.

Sjoch foar mear ynformaasje by SirkwyLês fierder

Aginda 10-11-19: Requiem ta treast

logo.ensafh

Hoe bringe jo it ûnbeneambere ûnder wurden? Dat is in fraach dêr’t mannich dichter har/him mei dwaande hâldt. Skriuwe oer dea en ferlies binne dêr faak mei anneks.

In tal jierren lyn skreau dichter Willem Abma ‘Requiem ta treast’ oer it ferlies fan in dierbere en it fertriet by de achterbliuwers. De dichter joech de ferstoarne in stim. Komponist Marcus Veenstra sette de fjirtich teksten op muzyk foar koar en orkest. In part fan dit requiem wurdt snein 10 novimber foar it earst útfierd yn tsjerklik sintrum De Skeakel yn Ljouwert. Yn in bewurking foar trije sjongeressen en piano.

Lês fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Gerben Rypma Hikke ûntbleate

logo.ensafh

Sûnt freed is der in Gerben Rypma Hikke oan it Brekkenpaad by Aldegea. Op ien fan de hikkepealen stiet in Tsjirkje fan keunstner Hans Jouta en op de hikke ‘ik fiel my hjir sa rom en frij’ út Wetterlannen fan dichter Gerben Rypma (1878-1963). Ans Galama út Wommels ûntbleate, as fêste dielnimmer oan de jierlike kulturele kuier fan de Blauhúster Gerben Rypma Stifting, it bysûndere keunstwurk.

Lês fierder by It NijsLês fierder