Teleks: Ferslach Proazagedichtejûn yn Ljouwert

logo.ensafh

Op 24 oktober lêstlyn wie it gesellich fol yn De Basuin yn Ljouwert. Mei’t de Deenske dichter Carsten René Nielsen seis wiken yn Grins ferbliuwt om nij wurk te skriuwen en ûnder oaren Nyk de Vries oer te setten, hie RIXT him útnûge foar in optreden. Trochdat Nielsen in proazadichter pur sang is, waard de jûn om dat sjenre hinne boud. Om dy reden wie proazadichter fan eigen boaiem Nyk de Vries ek oanwêzich.

De wikseljende gelegenheidsformaasje Reade Runen – besteande út Elmar Kuiper, Cornelis van der Wal, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar – dy’t in bân mei Denemarken hat, om’t hja dêr yn maart fan dit jier wienen en no in Frysk-Deenske bondel gearstalle en oersette, trede ek op.… Lês fierder

Aginda 30-11-19: Presintaasje ‘As ik letter grut bin’ fan Berber Spliethoff

logo.ensafh

Presintaasje As ik letter grut bin, dichtbondel foar jongerein, fan Berber Spliethoff op 30 novimber 2019, om 10.00 oere. Doarpshûs d’Ald Skoalle, Bearsterdyk 32, Bears.

Muzyk Wiebe Kaspers

 

Bisto tusken de tsien en sechtjin jier? Dan binne dizze gedichten foar dy skreaun.
Om foar te dragen. Om te lêzen. Om te brûken.
Sechtich gedichten om te laitsjen, om oer nei te tinken en om in oar wat te fertellen. In hiele protte wille der mei!

Berber Spliethoff skriuwt al sa’n achttjin jier foar kalinders, tiidskriften en bondels. Op in útdaagjende, orizjinele en faaks ludike wize besprekt se gewoane daaglikse tema’s.… Lês fierder

Teleks: Oersjoch fan Fryske wurdboekskriuwerij

logo.ensafh

Yn juny waard yn Ljouwert de 10th International Conference on Historical Lexicography and Lexicology hâlden, in ynternasjonaal kongres oer it skriuwen fan wurdboeken. Frits van der Kuip en Janneke Spoelstra fan de Fryske Akademy wienen dêrby. Hja joegen de kongresdielnimmers in oersjoch fan it skriuwen fan wurdboeken fan de Fryske taal. Harren lêzing en de foto’s dy’t derby hearre, steane no op ynternet. Se binne hjir te finen: link.

Boarne: It NijsLês fierder

Teleks: Gerard de Jong skriift Bildts diktee

logo.ensafh

Dut jaar sil Gerard de Jong ’t jaarlikse Bildts diktee skrive. Dat is an Gerard, as sjoernalist en skriver, fansels wel toefertroud. ’t Bildts diktee wort in febrewary 2020 houwen. Datum en plak is nag niet bekind. De bedoeling is in elk gefal dat de foormalige Bildtse dorpen om beurten andeen wort. Fleden jaar worde ’t diktee in St.-Jabik houwen en wonnen deur Andries Hogenhuis.

Boarne: BiltsaigeneLês fierder

Aginda 04-11-19: Fryske Jûn mei Willem Schoorstra en Jack Bottleneck in biblioteek it Hearrenfean

logo.ensafh

Op maandag 4 november komen schrijver Willem Schoorstra en zanger/gitarist Jack Bottleneck met hun programma Rosmos & The Bues naar de bibliotheek aan het Kuperusplein 48 in Heerenveen.

Iedereen is van harte welkom. Op deze literaire/muzikale Fryske Jûn begint om 19.30 uur en duurt tot 21.30 uur. Van tevoren aanmelden is gewenst.

Foar mear ynformaasje: Groot HeerenveenLês fierder