Aginda 25-10-19: Kulturele Kuier de ‘Gerben Rypma Hikke’

logo.ensafh

Freedtemiddei 25 oktober wurdt mei in Kulturele Kuier de ‘Gerben Rypma Hikke’ oan it Brekkenpaad ûnthuld. Sawol de rike natoer fan Fryske Gea gebiet ‘De Ryp’ as de libbenswize fan de skilder, dichter Gerben Rypma binne der symboalysk yn ferwurke.

De Gerben Rypma Stifting fan Blauhús naam novimber 2016 it ynisjatyf om in soart skûlplak oan it paad te kreearjen. As tarieding wie der doe in workshop wêrby ferskate persoanen en ynstânsjes ideeën ynbrochten. Yn e tuskentiid binne grutte en lytse ûntwerpen besprutsen, der is net oer oer ien nacht iis gien. It is perfoarst gjin stânbyld wurden, mar in plakje dat útnûget om fan de natoer en rêst te genietsjen.… Lês fierder

Aginda 16 en 23-11-19: Siel fan it lânskip

logo.ensafh

Utfiering fan Vocaal Ensemble Bonifatius ûnder lieding fan Hans Algra

Yn novimber 2019 fiert it Bonifatius Ensemble út Dokkum twa konserten út. De muzyk is fan Jan de Jong, Frank fan Nimwegen en Henk-Doeke Odinga op poëzij fan Obe Postma en Eppie Dam.

16-11-19 yn de Grutte Tsjerke, Dokkum,
23-11-19 yn de Krústsjerke, Burgum.

Lês fierder by it Obe Postma SelskipLês fierder

Teleks: ‘Rimen en Teltsjes’ fan de Halbertsma’s tenei online op Project Gutenberg

logo.ensafh

In wichtich Frysk boek, Rimen en Teltsjes (oarspronklik fan 1871), is tenei online te lêzen. De publikaasje mei Fryske gedichten, ferskes en folksferhalen is digitaal opnommen op de webside fan Project Gutenberg. Dat projekt is begjin jierren 70 opset troch Michael Hart en hat ta doel safolle mooglik literatuer fergees tagonklik te meitsjen.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Kies de nije Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Op 21-11-19 wurdt de nije Dichter fan Fryslân bekend makke, hy/sy wurdt keazen troch in sjuery, sjoch hjir.

Ensafh hat in poll online setten, sadat jo gebrûk meitsje kinne fan jo demokratysk rjocht, wat dizze wichtige ferkiezing oanbelanget. De poll stiet rjochts ûnderoan op ‘e side.

Stiet jo favorite dichter net op ‘e list? Oare kear better.

Ut namme fan de redaksje: Cornelis van der Wal… Lês fierder