Teleks: In filmportret fan Aggie van der Meer

logo.ensafh

‘Skrinende ferealens’ (Schrijnende verliefdheid) is de titel fan in Fryslân DOK oer skriuwster Aggie van der Meer (1927). Yn novimber ferskynt har boek ‘Tsjûgen fan de macht’ en kriget se de Gysbert Japicxpriis foar har hiele literêre oeuvre.

Aggie van der Meer wie aktyf yn de fredesbeweging en begûn pas op lettere leeftiid te skriuwen. Sy is no 92 jier en noch folop oan it wurk. Se bliuwt idealist, it tinken en skriuwen giet troch, har boeken binne aktueel. Nei in harsenynfarkt hinget se efterop har rolstoel in papier mei de tekst: ‘Duwen mag’ en giet der op út. Yn it filmportret ‘Skrinende ferealens’, dat Bart Kingma makke fan Aggie van der Meer, moetet se Dion van den Berg, in âld-meistrider fan it IKV (Interkerkelijk Vredesberaad).… Lês fierder

Aginda 10-11-19: Geart Tigchelaar en Ydwine Scarse fertelle oer fytsreis

logo.ensafh

Geart Tigchelaar en Ydwine Scarse fertelle oer harren reis op ‘e fyts fan Fryslân nei Albanië en werom

‘Wy hawwe in moai blokje om te fytsen west fan Fryslân nei Albanië en wer werom. We hawwe de fytsen wer yn ‘e stalling set foar it stuit, mar oer ús wjerfarren wolle wy it ien en it oar fertelle. Dêrom nûgje wy dy fan herten út om op 10 novimber del te kommen yn MFS Wjukken yn Mantgum. De middei begjint om 15:30 oere mei kofje en tee, want sûnder drûch en wiet is it fansels dreech om oan sa’n fytstocht te begjinnen.… Lês fierder

Aginda 25-10-19: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda 12-12-19: Lêzing oer froulju yn de Fryske literatuer

logo.ensafh

Lêzing oer froulju yn de Fryske literatuer troch Babs Gezelle Meerburg en Lida Dijkstra, mei in muzikaal yntermezzo fan Tet Rozendal en Tseard Nauta

Babs Gezelle -Meerburg is dosint Frysk oan de NHL. Sy sil fertelle oer hoe’t Waling Dykstra Fryske skriuwsters oanset hat ta it skriuwen en it publisearjen. De rol fan Waling Dykstra wie sawisa al tige stimuleaarjend foar literatuer en toaniel.

Sjoch foar mear ynformaasje by SirkwyLês fierder