Aginda 05-10-19: Utrikking Rely Jorritsmaprizen

logo.ensafh

Op sneon 5 oktober sil de 65ste útrikking fan de Rely Jorritsmaprizen plak fine yn Bears. De bekroande ferhalen binne fan Elmar Kuiper fan Jorwert en Geert Nauta fan Wergea, de bekroande fersen fan Jetske Bilker fan Achlum, Remco Kuiper fan Goutum en Henk Nijp fan Mantgum. De prizen wurde útrikt troch mr. Sybrand van Haersma Buma, boargemaster fan de gemeente Ljouwert.

Fan 15:30 oere ôf is der ûntfangst yn de Mariatsjerke yn Bears. De priisútrikking begjint om 16:00 oere yn de Ald Skoalle te Bears.… Lês fierder

Teleks: 21 Novimber wurdt de nije Dichter fan Fryslân bekendmakke

logo.ensafh

Oanpassing reglemint ferkiezing Dichter fan Fryslân en beneaming advyskommisje

Job Degenaar, Michelle Samba en Eeltsje Hettinga gaan de provincie adviseren wie de volgende Dichter fan Fryslân wordt. Eeltsje Hettinga was het in de periode 2017-2019. De procedure zal iets anders lopen dan de vorige keer. Het belangrijkste verschil is dat de adviescommissie de beoogde dichter vraagt; vorige keer konden dichters ‘solliciteren’ naar de titel. 21 november wordt de nieuwe Dichter fan Fryslân bekend.

(Net yn it Frysk beskikber)

Regeling Dichter fan Fryslân 2019 (pdf)

Boarne: Provinsje FryslânLês fierder

Aginda 02-10-19: Tsien dichters te gast by IepenUp Live oer Dieredei

logo.ensafh

Kommende woansdei 2 oktober stiet IepenUp Live yn it ramt fan Dieredei. It is de bedoeling dat it ien grutte bisteboel wurdt: sprekbeurten, muzyk en gedichten oer favorite bisten. Troch de jûn hinne trede tsien dichters op, wêrûnder fiif Frysktalige dichters fan RIXT: Evita Bakker, Edwin de Groot, Ineke van der Heide, Sipke de Schiffart en Janneke Spoelstra.

Lês fierder by RIXTLês fierder

Teleks: “Sierreis” fan Jacobus Q. Smink

logo.ensafh

De dichter Jacobus Quiryn Smink hat yn 2013 de Gysbert Japicxpriis wûn mei de dichtbondel Sondelfal. In kar út syn dichterlik oeuvre is no by Tresoar útkaam yn it prachtige en behindige bondeltsje Sierreis mei Fryske gedichten en in Nederlânske oersetting derby fan Jabik Veenbaas.
De bondel sit dizze moanne as bylage by algemien-kultureel opinyblêd De Moanne. Mei de Nederlânske oersettings komt it wurk fan Smink ûnder de oandacht fan in grutter publyk.

Tresoar hat ek filmkes mei de dichter makke, dêr’t er gedichten op foarlêst. In seleksje fan de filmkes dy’t op Youtube steane:

Lês fierder by SirkwyLês fierder