Aginda 03-10-2019: Boekoanbieding karlêzing Waling Dykstra

logo.ensafh

Abe de Vries en Goffe Jensma jouwe beide in lêzing oer Waling Dykstra. Abe sil wat fertelle oer it troch him gearstalde boek: ‘Waling Dykstra, duvelskeunstner. Gedicht.’ Goffe Jensma sil ús besykje te oertsjûgjen wêrom’t ‘Waling-om’ sa’n grutte ynfloed hie en wêrom it ús yn dizze tiid noch altyd wat seit.
It earste eksimplaar fan it boek sil yn ûntfangst naam wurde troch Philippus Breuker.

Dizze aktiviteit is ûnderdiel fan de tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’.

Tekst: TresoarLês fierder

Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Septimber 2019

logo.ensafh

Poëzij

Gerrit de Vries
Unlân
Hispel, Loenen aan de Vecht 2019
Ferkeappriis: € 12,00
ISBN 9789074516310

Unlân is de debútbondel fan Gerrit de Vries. De bondel fangt it libben yn meast hurde, wrange en wanhopige bylden. Wat dêryn trochbrekt is de langst nei tagedienens.

 

Syds Wiersma
Lân sûnder ljurk
Hispel Loenen aan de Vecht 2019
Ferkeappriis: € 15,00
ISBN 9789074516334

Lân sûnder ljurk is de fjirde dichtbondel fan Syds Wiersma (Grou, 1963).

De gedichten yn dizze bondel binne fan de lêste trije jier. Folle mear as yn syn eardere dichtwurk jout Wiersma syn fyzje en poëtyske reaksje op de aktualiteit.… Lês fierder

Teleks: Nije podcastrige mei Fryske literatuer by Omrop Fryslân: ‘Boekekast’

logo.ensafh

Omrop Fryslân en Boeken fan Fryslân lansearje tongersdei, op de dei fan de memmetaal, de nije podcastrige ‘Boekekast’. Spesjaal foar leafhawwers fan Fryske ferhalen. Alle wiken komt op snein in nij literêr ferhaal online.

Yn Boekekast wurdt alle wiken in oar Frysk ferhaal as podcast brocht. It giet om ferhalen fan Fryske skriuwers of fragminten út aktuele romans.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 24-10-19: Proazagedichtejûn yn Ljouwert

logo.ensafh

Proazagedichtejûn

De Deenske proazadichter Carsten René Nielsen ferbliuwt fan ’t hjerst seis wiken yn Grins om nij wurk te skriuwen en oer te setten. Dichterskollektyf RIXT fûn dat in moaie gelegenheid om him út te nûgjen foar in Proazagedichtejûn op 24 oktober 2019 om 20:00 oere yn De Basuin te Ljouwert, tegearre mei Nyk de Vries

Nielsen is gjin ûnbekende yn Ljouwert, mei’t er yn it Kulturele Haadstêdjier yn it Talepaviljoen MeM optreden hat. De Deenske dichter debutearre yn 1989 en hat wilens tsien gedichtebondels op syn namme stean. Hy is oersetten yn it Ingelsk, Italiaansk, Dútsk, Nederlânsk en Frysk.

Nyk de Vries hat twa proazagedichtebondels publisearre en is fierders bekend fan syn foarstellings en muzyk.… Lês fierder

Teleks: Jelma Knol oer Gysbertwinner: “It waard wol wer ris tiid”

logo.ensafh

Aggie van der Meer krijt dit jier de Gysbert Japicxpriis. Nei Tiny Mulder yn 1986 is der nei goed tritich jier wer ris in froulike winner. Jelma Knol, histoarikus, hearde it nijs by de omrop. “Ik fyn it geweldich en fantastysk. En dat it in froulike winner is, is moai meinommen. It waard wol wer ris tiid.”

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder