Teleks: Gysbert Japicxpriis 2019 foar Aggie van der Meer

logo.ensafh

De Gysbert Japicxpriis wurdt fan ‘t jier takend oan skriuwster Aggie van der Meer út Boalsert. Deputearre Sietske Poepjes hat Aggie van der Meer hjoed in besite brocht om dat feestlike nijs persoanlik te fertellen. Op sneon 16 novimber wurdt de Gysbert Japicxpriis 2019 yn de Martinitsjerke in Boalsert útrikt.

Aggie van der Meer ûntfangt de priis foar har hiele oeuvre. De advyskommisje prizet de skriuwster om har echte, minsklike ferhalen: “Aggie van der Meer is gjin auteur fan tsjokke boeken. It wûnderbaarlike sit ‘m yn wat sy yn al har romans en ferhalen, mar ek yn har gedichten, oan rykdom sjen lit.… Lês fierder

Teleks: Abe de Vries op It Nijs ‘twadde Dichter fan Fryslân’

logo.ensafh

Der is op advys fan de Afûk in kommisje fan trije oanwiisd foar it finen fan de twadde Dichter fan Fryslân. Dêryn sitte fansels, behalve de earste Dichter fan Fryslân, in Hollânsktalige skriuwer (Job Degenaar) en in r&b-muzikante (Michelle Samba). It moat meartalich en it moat mei muzyk. Eksit Frysk, eksit Fryske poëzij, eksit literatuer.

Lês fierder by It Nijs (reaksje)… Lês fierder

Teleks: ferslach en foto’s betinking 60 jier FLMD

logo.ensafh

Op 14 septimber waard mei in literêr en muzikaal program feestlik betocht dat it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) sechstich jier lyn oprjochte is. Hoewol’t it FLMD begjin dizze iuw ien fan de partijen wie dy’t mei-inoar Tresoar foarmen, is der noch altiten in stifting dy’t projekten foar de Fryske literatuer stipet.

Lês en sjoch fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: KB en Tresoar yntinsivearje gearwurking foar it digitalisearjen fan Frysktalige kultureel erfguod

logo.ensafh

Op 23 septimber hawwe de Keninklike Biblioteek (KB) en Tresoar in yntinsjeferklearring tekene om harren mienskiplike ynspanning foar it digitalisearjen fan it skreaune en printe Frysktalige kultureel erfguod te yntinsivearjen. Fan 2014 oant 2018 wurken de KB en Tresoar al mei-inoar oan it digitalisearjen fan Frysktalige literatuer yn it programma Lân fan Taal. Dat wurdt no útwreide nei it Nedersaksysk – sûnt 2018 troch de Ryksoerheid erkent as “folweardich en selsstannich ûnderdiel fan de taalsystematyk yn Nederlân”.

Lês fierder by TresoarLês fierder

Aginda 25-10-19: Dei fan de Fryske taalkunde

logo.ensafh

Taalkundedei 2019

It Taalkundich Wurkferbân fan ‘e Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tsiende kear de Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde.

Yn de lêzingen wurdt oer wittenskiplik ûndersyk rapportearre, mar presintaasjes fan ûndersyksplannen, fan spekulaasjes of fan taaldatabanken binne ek wolkom. Lêzingen kinne holden wurde yn alle talen dy’t hearre ta de West-Germaanske taalfamylje.

Sjoch foar mear ynformaasje en it programma by de Fryske AkademyLês fierder