Aginda 27-06-2024: Fryske Poëzij Slam

logo.ensafh

In jûn fol Fryske Poëzy

Op tongersdei 27 juny om 19:30 oere is ús kafee De Gouden Leeuw it dekôr foar de Fryske SLAM 2024. Op dizze bysûndere jûn sille tsien talintearre dichters it tsjininoar opnimme yn in poëzywedstriid dêr’t de Fryske taal en kreativiteit sintraal steane.

De dichters dy’t harren wurk bringe sille, binne Marije de Lange, Kees de Vries, Carla van der Zwaag, Karst Tjoelker, Lara Kool, Sigrid Kingma, Martsje de Jong, Syds Wiersma, Tamara Feddema en Ypie Bakker. Elk fan harren sil stride om de titel ‘Bêste Fryske Foardrachtskeunstner’ en in jildpriis fan €500. Ferline jier wûn Syds Wiersma de slam en hy sil no syn titel ferdigenje.… Lês fierder

Teleks: Doch mei oan de masterclasses Foardragen foar skriuwers

logo.ensafh

Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearje op ‘e nij in rige masterclasses Foardragen, foar skriuwers dy’t wurkje wolle oan it presintearjen fan harren teksten. De masterclasses wurde jûn troch Zen Roorda, Nyk de Vries, Marrit Jellema en Janneke Brakels. Meidwaan is fergees.

Lês fierder by leeuwardencityofliteratureLês fierder

Teleks: Oprop advyskommisjelid Gysbert Japicxpriis 2025

logo.ensafh

Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân siket in ûnôfhinklik lid út it literêre fjild foar de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2025. Jo kinne jo belangstelling dêroer oanjaan.

Deputearre Steaten rikt twajierliks de Gysbert Japicxpriis út. Dat sil wer barre yn de hjerst fan 2025. Yn 2025 wurdt de priis útrikt foar poëzij. De advyskommisje bestiet út trije leden, gearstald út in foardracht troch Tresoar, de Fryske Akademy en ien lid út it literêre fjild. De taak fan de advyskommisje is it beoardieljen fan de literêre wurken en Deputearre Steaten te advisearjen oer it takennen fan de priis. De advyskommisje sil foar de simmerfakânsje fan 2024 beneamd wurde troch Deputearre Steaten.… Lês fierder