Teleks: Ferslach iepening tentoanstelling Waling Dykstra

logo.ensafh

Mei sa’n 150 minsken wie der freed gâns belangstelling foar de iepening fan de tentoanstelling oer Waling Dykstra. Bert Looper, direkteur fan Tresoar, ferwolkommet de oanwêzigen. Yn syn iepening leit Looper de link tusken de tiid fan Waling Dykstra en hjoed-de-dei. Waling Dykstra learde de Friezen har taal te lêzen en te skriuwen en der yn te sjongen en te toanielspyljen. Tsjintwurdich is it literêre klimaat o sa artistyk en boeiend mei wer nije oerdrachtsfoarmen om taal en kultuer ûnder de minsken te bringen.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Aginda 27-09-19: Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda 26-09-19: Presintaasje ‘Nachtspraak’fan Eeltsje Hettinga

logo.ensafh

Utjouwerij Perio presintearret de twatalige útjefte fan it gedicht Nachtspraak
fan Eeltsje Hettinga.

Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga reflektearret yn syn poëzy gauris op aktueel maatskiplike ûnderwerpen. Ek út syn wurk as Dichter fan Fryslân (2018-2019) sprekt dat engaazjemint. Yn Nachtspraak, in lang gedicht oer de fûnling Kaspar Hauser, leit Hettinga ûnder mear in ferbân mei de hjoeddeiske flechtling.
Op 26 septimber om 11.30 oere wurdt op it plein foar de Blokhúspoarte de poëzystien mei syn gedicht ‘Net te beteljen’ oer frijwilligers ûntbleate: dat is in inisjatyf fan it Prins Bernhard Fûns.
Dêrnei om 12.15 oere sil útjouwerij Perio de troch Richard Bos typografysk bysûnder fersoarge útjefte fan it gedicht Nachtspraak presintearje.… Lês fierder

Teleks: Kursus foardrachtkeunst hjerst 2019 – ‘As stiennen prate koene’

logo.ensafh

Yn de hjerst fan 2019 organisearret Tresoar yn oparbeidzjen mei Tryater in kursus, dêr’tst alles learst oer foardrachtskeunst, presintaasje en performance. It giet benammen oer de foardracht fan ferhalen: de ferskate wizen fan stimgebrûk en it ynsetten fan stilte. In goede foardrachtskeunstner brûkt teatertechniken en fertelstilen om de tekst oer te bringen.

Nei trije jûnen meie de kursisten ek echt har keunsten sjen litte oan it publyk. Op freed 15 novimber is nammentlik in provinsjale ferhalejûn. Oeral yn Fryslân wurde yn in soartemint fan Winterjûnenocht ferhalen ferteld op plakken lykas hûskeamers, musea, kafees en oerheidsgebouwen. De kursisten meie har ferhalen 15 novimber hearre litte yn OBE, dêr’t op dat stuit de tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ is.… Lês fierder