Aginda 27 / 28-09-19: Presintaasje ‘Sanfirdo’ fan Bennie Huisman

logo.ensafh

In nij boek en in nije foarstelling fan Bennie Huisman

Earne yn Fryslân, midden yn it wetterlân súdwestlik fan Snits, leit Sânfurd. In moaie tsjerke, in pear pleatsen, in hânfol huzen. Sânfurd hat Benny Huisman tweintich jier lyn ynspirearre ta in lietsje en in novelle.
Dy novelle is no útgroeid ta de roman ‘Sanfirdo’.

De novelle spile him ôf yn in wike tiids. De roman lykwols folget deselde haadpersoanen oer in tiidrek fan 25 jier yn it belibjen fan leafdes, yn it sykjen nei in plak op de wrâld, yn it sykjen nei in ‘thús’. Tema’s dy’t in soad minsken dwaande hâlde en dy’t altyd wer fragen oproppe, dêr’t wy antwurden foar sykje.… Lês fierder

Teleks: Diary of ‘Polish Anne Frank’ murdered by Nazis aged 18 to be published after lying untouched for 70 years

logo.ensafh

Three years before she was executed by Nazi soldiers in a Jewish ghetto in Poland, 14 year-old Renia Spiegel began to keep a secret diary.

“I’m looking for someone, to whom I could tell my worries and joys of everyday life,” she wrote on 31 January 1939. “From today on, we start a very hearty friendship. Who knows how long it will last?”

Over the next 700 pages, Renia records not only her teenage preoccupations, such as trivial arguments with her sister Ariana and her first kiss, but also the terrors of the German occupation and the Holocaust.

Lês fierder by The IndependentLês fierder

Aginda 26-09-19: Eb en Floed ‘Frysk-Grunneger literêre jûn op Europeeske Taledei’

logo.ensafh

Om Europeeske Taledei te fieren organisearret it EBLT op 26 septimber yn it Trompteater yn Ljouwert in literêre moeting tusken Fryslân en Grinslân. Trije Grunnegerstalige skriuwers en trije dichters út Fryslân sille op dizze jûn yn Ljouwert optrede. De singer-songwriter Gert Sennema, bekend fan de band Westkantstad, sil syn Grunneger nûmers sjonge.

Eb en floed, de see en it waad, binne eleminten dy’t ús taalgebieten ferbine. Op Europeeske Taledei sille jo Grunnegers heare út it easten, it noarden en it westen fan Grinslân, Bildts en Frysk.

De foardrachten op dizze Frysk-Grunneger literêre jûn komme fan Aly Freije, Hein Jaap Hilarides, Sytse Jansma, Tonko Ufkes, Harry van Velsen en Carla van der Zwaag.… Lês fierder

Teleks: Nijste Letterhoeke online

logo.ensafh

‘Yn de nijste Letterhoeke is in soad omtinken foar de nije útstalling yn paviljoen Obe, oer de alsidige Waling Dykstra. Mei it nije seizoen foar de doar steane wer tal fan aktiviteiten op priemmen, lykas de presintaasjes fan Leesbaar Friesland en in boek oer Fryske nûmerbewizen, nijsgjirrige lêzingen en in sympoasium oer Wumkes. Ek is der omtinken foar it 60-jierrige jubileum fan it FLMD en in útstalling mei wurk fan Reinder van der Leest.’

Lês hjir it nijste nûmer (pdf)

Boarne: Tresoar

 … Lês fierder

Aginda 20-09-19: Kulturele Simmer/Hjerstjûn yn Tersoal 20 septimber 2019

logo.ensafh

Yn de âlde Vitustsjerke yn Tersoal is op 20 septimber in jûn mei muzyk, ferhalen, gedichten en skiednis. It tema is ‘Rispinge/Oogst’.

De skriuwers Syds Wiersma en André Looijenga sille al fertellend it publyk meinimme fan De Lege Geaën nei de westlike en eastlike úthoeken fan Europa. Muzikaal wurdt de jûn oplústere troch spylmansjonger Wytse Hospes, dy’t inkele lieten en gedichten op muzyk foar it fuortljocht bringe sil. Dêrneist sille der ek ljochtbylden fan Tersoal eartiids te sjen wêze. Yn it skoft kin der Hjersttee dronken wurde of in bakje Simmerkofje of fris.

Lês fierder by RIXTLês fierder