Aginda fan 21-09-19 ôf: Tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ en ferskate aktiviteiten yn Obe

logo.ensafh

Tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ yn Obe
Fan 21 septimber ôf is der in tentoanstelling oer Waling Dykstra te sjen yn Obe. Waling Dykstra (1821-1914), bakker, boekbiner en -ferkeaper, is ien fan de belangrykste grûnlizzers fan de Fryske literatuer. Likernôch 75 jier lang hat dizze autodidakt de Friezen leard om har eigen taal te lêzen, te skriuwen en om der yn te sjongen en toaniel yn te spyljen. Syn ynfloed as skriuwer, dichter, sjoernalist en folkskundige op de Fryske taal en kultuer is grutter as dy fan hokker oare skriuwer ek. Syn maatskippij-krityske toan, striid foar it Frysk en ynset foar sosjale rjochtfeardigens en emansipaasje fertsjinje mear as hûndert jier nei syn dea ús folle omtinken.… Lês fierder

Aginda 14-09-19: Jubileum FLMD

logo.ensafh

Jubileum FLMD

Hjoed 10 septimber is it 60 jier ferlyn dat de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) oprjochte waard. Yn 2002 is stifting FLMD mei twa oare ynstellings fierder gien as it hjoeddeistige Tresoar.

It bestjoer fan de stifting FLMD nûget jo fan herten út om it 60-jierrich jubileum feestlik mei harren te fieren op sneontemiddei 14 septimber fan 15.00 oant 18.30 oere yn Tresoar.

Programma
15.00 oere – ynrin mei kofje en tee
15.30 oere – wolkom troch foarsitter Willem Verf
15.35 oere – FLMD oant en mei 2002, troch Tineke Steenmeijer–Wielenga
15.50 oere – gedichten en sang Elise Westerhof
16.05 oere – oanbieding Frysk literêr presintsje oan in tal 60-jierrigen
16.15 oere – Frysktalige poetry slam, in priuwke
16.45 oere – Fryske literatuer binnen Tresoar troch Bert Looper
17.00 oere – neisit mei in hapke en in drankje… Lês fierder

Teleks: Dit is ús taal

logo.ensafh

Taal is altyd yn beweging. Sa ek de Fryske taal. Mei de komst fan sosjale media feroaret ek de posysje fan it Frysk. Der wurdt mear Frysk skreaun as oait, jongerein dielt massaal Frysktalige memes en de Frysktalige band De Hûnekop is populêr by in breed publyk. Programmamakker Miranda Werkman ûndersiket wat it effekt dêrfan is op de Fryske taal en taalbelibbing en hoe’t it krekt kin dat Frysk sa populêr is by de jeugd. Oanslutend is de earste ôflevering fan Picture Poems te sjen: Fryske gedichten yn byld brocht.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Dielnimmers Digy-Taalhûs bringe poëzijbondel út

logo.ensafh

De dielnimmers fan it Digy-Taalhûs Harns en Dokkum hawwe de ôfrûne perioade wurke oan in poëzijbondel, mei de tiel Dichterbij, Tichterby. Biblioteek Noard Fryslân hat yn acht fêstigings op ’e fêste wâl in Digy-Taalhûs dêr’t ynwenners fan Noard Fryslân terjochte kinne om harren basisfeardichheden lykas lêzen, skriuwen en wurkjen mei de kompjûter ferbetterje kinne.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Fergees e-boek fan Geart Tigchelaar: The Arch

logo.ensafh

The Arch

Yn maart dit jier is Geart Tigchelaar fan Fryslân nei it Soutar Festival of Words yn Perth (Skotlân) fytst. Op dat poëzyfestival hie er in lêzing mei de Skotske dichter David Eyre, dy’t gie oer de relaasje tusken it Frysk en it Ingelsk oan ’e hân fan Tigchelaar syn wurk. Eyre is dwaande Tigchelaar syn debútbondel leech hert yn nij jek (Hispel 2016) nei it Skotsk oer te setten.
Tigchelaar hie it sammele wurk fan Soutar mei yn syn fytstas. Fierders hie de dichter ek syn kamera meinommen, dat hy hie himsels de opdracht jûn om alle dagen in foto te nimmen dat goed paste by in gedicht of fragmint en publisearre dat op de sosjale media.… Lês fierder

Teleks: Nederlân krijt tik op fingers oer stipe Fryske taal en identiteit

logo.ensafh

Nederlân moat mear dwaan om Fryslân te helpen om de Fryske identiteit en taal te befoarderjen, benammen yn it ûnderwiis. Mei dy oanbefelling komt it advyskomitee fan de Ried fan Europa. It giet wol better mei de Fryske identiteit en taal, mar foar fierdere ûntwikkeling is mear stipe fan de nasjonale oerheid nedich.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder