Teleks: Earste moannegedicht fan Sytse Jansma op RIXT ‘Hiroshima’

logo.ensafh

Hjoed, 6 augustus, is der yn Hiroshima de betinking fan de atoombomramp yn 1945. De uraniumbom ‘Little boy’ waard op 9500 meter hichte boppe de stêd los litten. Tidens de oanfal hie de stêd sa’n 255.000 ynwenners. Doe’t de ‘a-bomb’ om 8.15 oere ekspodearre, kamen frijwol drekst 78.000 minsken om it libben as gefolch fan de ûntstiene druk en de yntinse waarmte dy’t frijkaam. It totaal oantal deaden rûn úteinlik nei de 140.000 ein 1945. Noch hieltyd binne der hibakusha’s (en bern dêr fan ) dy’t lêst hawwe fan de gefolgen fan dizze ramp.

Lês fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Iepen oprop Frysktalige poetry slam 14 septimber

logo.ensafh

Foar it 60-jierrich bestean fan stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum organisearret Tresoar tegearre mei Poetry Slam 058 in bysûndere Poetry slam edysje. Trije dichters dy’t oars net yn it Frysk dichtsje krije de kâns om as ûnderdiel op de feestmiddei op 14 septimber wat foar te dragen.

Dy trije dichters wurde keppele oan in Fryske dichter. Op 7 septimber (ûnder foarbehâld) geane se ûnder begelieding oan de slach en meitsje se tegearre in gedicht. De gedichten wurde op 14 septimber yn it Frysk foardroegen.

Der is in fergoeding beskikber en it winnende duo mei har gedicht foardrage yn OBE: it poadium foar literatuer, keunst en taal yn Ljouwert.… Lês fierder

Teleks: 45e Fryske Bûsboekje mei poëzy oer “tiid”  

logo.ensafh

45e Fryske Bûsboekje mei poëzy oer “tiid”                                                             

It nije Fryske Bûsboekje (2020) leit yn ‘e winkels! Dit jier is it tema: “tiid. In moai tema foar in boekje dat jo it hiele jier troch yn de bûse hawwe. In feilich plak yn dizze digitale tiden en mei ynternet dat net mear sa feilich is.  Direkte oanlieding foar it tema is de aktuele diskusje oer simmer- en wintertiid dy’t it kommende jier trochgiet. Wêr kieze wy foar: simmertiid of wintertiid? Wurdt 2020 it lêste jier dat wy twaris de klok fersette?

It tema ‘tiid’ lient him foar poëzy. Yn it nije Bûsboekje stiet dêrom it gedicht “Ferskining fan maityd” fan Janneke Spoelstra.… Lês fierder

Teleks: Fjirde Moannegedicht Job Degenaar by RIXT: Opmjitte foar in skulpdier / Opmaat voor een schelpdier

logo.ensafh

Yn ‘e bocht by Surch, deun by de Ofslútdyk is in strantsje dêrt’st net swimme kinst, it is der fierstente ûndjip en it leit der fol mei waaddrek. Mar it is der prachtich en fielst dy fuort ferbûn mei alles wat dêr yn stilte plakhat: it wetter, de ielguozzen, de kobben en de oare fûgels, de núnders, de rook fan it waad.
Dêr ûntstie it begjin fan dit fers. Yn de einferzje gong it wilens oer djippere wetters dan dy’t dêr wiene. Uteinlik komt it dêr yn sa’n gedicht fan my hast altyd op út, oft ik dat no wol of net.… Lês fierder

Teleks: Fiif winners fan Rely Jorritsmapriis 2019

logo.ensafh

Fiif winners fan Rely Jorritsmapriis 2019

Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Ik doch it foar dy’ fan Elmar Kuiper út Jorwert en ‘Kimboeëwij’ fan Geert Nauta út Wergea.

De winnende gedichten binne ‘Sleau mei lok’ fan Jetske Bilker (Achlum), ‘Wy kinne…’ fan Henk Nijp (Mantgum) en ‘Ik miende’ fan Remco Kuiper (Goutum).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 81ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 25 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Karen Bies, Douwe Kootstra en Inge Heslinga. De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 5 oktober útriktyn it doarpshûs te Weidum.… Lês fierder