Teleks: Fryske bondels oanbean yn de Hollannerwyk

logo.ensafh

Kafee ‘De Basuin’ makke earder fan’t jier syn entree yn de Fryske literêre wrâld doe’t dêr de nijjiersboarrel fan it Skriuwersboun wie. Snein trokken de leafhawwers fan poëzij nei it kafee op de krusing fan de Nije Hollannerdyk en de Ljouwerterstrjitte foar de presintaasje fan de nije bondels fan Syds Wiersma (Lân sûnder ljurk) en Gerrit de Vries (Unlân).

De kar foar ‘De Basuin’ komt op it konto fan Wiersma, dy’t hjir faker komt, want op in skerm draaie skerpe argyfbylden fan Ljouwert út de jierren tritich en earder noch. Se komme út it Frysk filmargyf, dêr’t Wiersma wurket, en binne sa helder dat it liket as binne se krekt foar it earst ûntwikkele.… Lês fierder

Aginda 07-09-19: Simke Kloosterman Rintocht

logo.ensafh

Pleatslik belang Twizel organisearret, yn ferbân mei har 100-jierrich bestean, op sneon 7 septimber 2019 de tredde Simke Kloosterman Rintocht, in kuiertocht troch de Noardlike Fryske Wâlden.

De minsken kinne in moaie kuier ferwachtsje troch it prachtige kûlisselânskip fan de Fryske Wâlden, yn 5, 20 of 40 kilometer mar leafst. Troch in gebiet dêr’t Simke libbe hat, dêr’t har gedichten oer geane en dêr’t de bekende roman De Hoara’s fan Hastings him ôfspilet. Underweis is der muzyk en teater. Der binne plannen om sketskes út it libben fan Simke te spyljen, muzyk hearre te litten dêr’t sy fan hood en hapkes klear te meitsjen út har itensiedersboek.… Lês fierder

Teleks: Mevrouw Heeringa-Seepma viert 100-ste verjaardag

logo.ensafh

Mevrouw Heeringa- Seepma vierde zaterdag haar 100 ste verjaardag. Burgemeester Klaas Agricola kwam haar in Nij Tjaerda feliciteren. Mevrouw werd geboren op It Skoar in Ternaard. Ze was het derde meisje in het gezin Seepma. Negen jaar later kreeg ze er nog een zusje bij. Toen ze vier jaar oud was ging ze naar de bewaarschool en later naar de lagere school.

Lês fierder by RTV NoordoostLês fierder

Teleks: Het geluk is ver te zoeken bij de Fryske Akademy – Job Cohen heeft geen trek in de taskforce

logo.ensafh

Het geluk is ver te zoeken bij de Fryske Akademy

Alle Friezen moeten gelukkiger worden dan ze nu al zijn. Geluk op één, dat is het motto waarmee het nieuwe college van Gedeputeerde Staten deze week uiteenzet. Er is een categorie Friezen die zich afvraagt of dit beleidsvoornemen ook voor hen geldt: de medewerkers van de Fryske Akademy.

De medewerkers van de Fryske Akademy in Leeuwarden zijn nogal geschrokken toen zij constateerden dat hun wetenschappelijk instituut in het geheel niet genoemd wordt bij de inhoudelijke plannen die het college van Gedeputeerde Staten voor de toekomst van belang vindt. Horen zij soms niet meer bij de doelgroep die gelukkiger moet worden?… Lês fierder

Teleks: RIXT Frisian Poets Pack online

logo.ensafh

RIXT Frisian Poets Pack online

It Frysk Dichterskollektyf RIXT hat har Ingelske webside online pleatst. In grut part fan de 45 dichters dy’t by RIXT oansletten binne, hat oersettings fan eigen gedichten foar de webside ynstjoerd. Boppedat hawwe de RIXT-dichters no njonken in Frysktalich ek in Ingelsktalich dichtersprofyl. Taheakke fine jo it Ingelske logo fan RIXT.

De Ingelske webside fan RIXT sil brûkt wurde om in begjin te meitsjen mei in wichtige doelstelling fan it dichterskollektyf: de Fryske poëzy ynternasjonaal op ‘e kaart sette. RIXT wol de kommende jierren har bêst dwaan om mear Fryske dichters op ynternasjonale poadia te krijen en de Fryske poëzy ûnder de oandacht te bringen fan dichtersnetwurken yn it bûtenlân.… Lês fierder