Ofrûne freed 5 april gie de earste Sutelaksje fan dit jier fan start yn Itens, Rien, Lytsewierrum en Hinaard. Doarpskrante ‘Diggelfjoer’ organisearre tegearre mei Boeken fan Fryslân in Sutelaksje yn de fjouwer doarpen. En net sûnder sukses!
Elisabeth Abels–Gorter, út namme fan de redaksje fan doarpskrante ‘Diggelfjoer’: “Wy hawwe ús poerbêst fermakke en in protte moaie reaksjes krigen. Der wienen in soad minsken ferrast mei it oanbod Fryske boeken. Wy hawwe yn in ien jûn hiel wat Fryske boeken ferkocht en dêrmei in moaie ynstruier foar ús doarpskrante ophelle!”
Lês fierder by Boeken fan Fryslân… Lês fierder