Neidat der jierren oan wurke is, koe einlings in wurdboek fan it dialekt fan Midslân op Skylge presintearre wurde. Dat wie op tongersdei 14 maart yn Het Wapen van Terschelling yn Meslâns, sa’t Midslân lokaal neamd wurdt.
Skylge is dialektologysk in apart gefal. West-Skylge en de eastlike doarpen binne fanâlds Frysktalich, al is dat dan ek in Frysk dat slim fan dat op ‘e fêste wâl ôfwykt. Boppedat ferskille it Westers en it Aasters ek noch wer faninoar. Dêrtuskenyn wurdt der yn Midslân en byhearrende doarpen en buorskippen in taal praat dy’t heart by de Nederlânsk-Fryske mingdialekten lykas it Stedsfrysk, it Biltsk en it Amelânsk.… Lês fierder